De spearpunten fan it program binne it ynsetten fan kennis en kunde fan ús ynwenners, toerisme, sport, kultuer, wenningfoarsjennings foar starters en it stribjen nei in enerzjyneutrale gemeente. Yn in gruttere gemeente is it wichtich dat doarpen en stedswiken genôch jild en foech hawwe om saken sels regelje te kinnen.
Troch kandidaten út 22 doarpen út alle hoeken fan de weryndieljende gemeenten op de list te setten wol de FNP de ferbining mei de doarpen ek yn de list ta útering te bringen. Nei listlûker Jan Dijkstra fan Hitsum, wurdt de top fan de list foarme troch de folgjende kandidaten: Leendert Ferwerda fan Sint Anne, Haaije Hoekstra fan Berltsum, Gea Iedema-Zondervan fan Frjentsjer, Sijbe Knol fan Berltsum, Roel Nauta fan Minnertsgea, Hans Nauta fan Hitsum, Bert Vollema fan Tsjom, Ben Bruinsma fan Sint Anne, Gerben van der Mei fan Tsjummearum en Tjeerd van der Meulen fan Frjentsjer. De kandidaten binne fan alle leeftiden, tige wiis binne we mei ús jong talint ûnder de 30 jier âld.
Bram Bonnema fan Frjentsjer, Siep Tilma fan Boksum en Sytse Keizer fan Ouwe Syl binne de listtriuwers fan de FNP Waadhoekelist mei 50 kandidaten.