Min koe kieze út de antwurden: "it komt goed", "it wurdt super" of "ik moat it noch sjen" troch in bal yn in koker te dwaan. De útslach wie respektyflik 163, 48 en 97 stimmen.
De FNP Waadhoeke wol eltsenien betankje foar harren ynbring en de moaie petearen! Ien wolle wy hjir efkes útljochtsje. In jonkje fan 10 jier, stie in skoft nei te tinken wilest syn mem al in antwurd jûn hie... en sei ynienen: it sil earst wol efkes dreech wêze mar dernei komt it wol goed!
Wat in wiisheid foar sa'n jongfeint! Fansels sjogge wy sokken aanst grif werom yn in Jongerenparlemint fan de Waadhoeke, in spearpunt fan de FNP!
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |