Ferbining stiet by FNP Waadhoeke sintraal foar de kommende ferkiezings. Troch de skaalfergrutting is in goed kontakt mei de ynwenners essinsjeel. Jin uterje kinne en meie yn de eigen memmetaal, is dêrby fan grut belang. Om de doarpen en it haadplak Frjentsjer sa goed as mooglik fertsjintwurdigje te kinnen wenje de - yn totaal 50 kandidaten op de list ferspraat oer de nije gemeente.
De partij
wol ûnder oare in Sport- en kultuurwike yn Waadhoeke, betelbere wennings foar
starters, it toeristysk produkt ‘Bestimming Noardwest'topprioriteit jaan, belied
meitsjen troch kennis en kunde fan de ynwenners te brûken en in enerzjy
neutrale gemeente yn 2040.
Gean foar it folsleine ferkiezingsprogram nei: http://waadhoeke.fnp.frl/frysk/ferkiezings/program/.
![]() |
![]() |
![]() |