Foto's fan âld papier opheljen yn Tsjom, eigen foto, Wikipedia en Omrop Fryslân
Yn Waadhoeke hantearje wy ferskate regelingen om ‘t de sûnt de fúzje noch net belied op makke is. Sa is der foar de ferieningen yn it de eardere gemeente Frjentsjerteradiel in garânsjepriis - wêrmei de priisskommelingen, dy't troch fraach en oanbod ûntstean - opfongen wurde kinne foar de dielnimmers. Yn Menaam en it Bildt is it neffens ús ynformaasje krekt wer oars regele.
Fan it kolleezje hawwe wy noch neat heard.
Dêrom hawwe fy de folgjende fragen:
1. Dielt it kolleezje ús soargen oer de sakjende âld papierpriis?
2. Wurdt de efter de skermen al neitocht oer nij belied, sjoen de opbringsten foar de dielnimmers driigje de sakjen en dizze net mear bestindige wurde kinne foar de leefberens yn de wiken en doarpen?
3. Sa ja,
A: Is it kolleezje dan ree om de dielnimmers by it belied te belûken (nei-oan-bestjoeren)?
B: Hjiroer mei de ried in kernteam oer te organisearjen, sadat wy ynformearre wurde en ek harkje kinne nei de dielnimmers en ús dernei as ried hjir oer útsprekke kinne?
4. Sa nee, hoelang kin it kolleezje de dielnimmers dan perspektyf biede dat sy net ek dizze ynkomsten (mei yn koroanatiid) net mear barre kinne?
We hawwe frege foar beantwurding yn de riedsgearkomste fan 5 novimber en oars krije we skriftlik antwurd binne de stelde temyn fan 30 dagen.
Neikommen:
3 novimber wie Gea Iedema op Radio Eenhoorn. Klik op de bylage ûnderoan dit berjocht om dat werom te harkjen.
5 novimber hat wethâlder Dijkstra de fragen yn de riedsgearkomste beantwurde. Jo kinne dat hjir weromharkje .