NIJS 24-10-2017
Tiny House evenemint yn Berltsum goed besocht!
Op sneon 21 oktober l.l. wie der in evenemint oer Tiny Houses yn Berltsum. It evenemint kaam fuort út in inisjatyfútstel fan FNP Menameradiel op 20 april earder it jaar. It útstel bestie út trije parten.
Yn faze 1 koene de ferskate doarpsbelangen
lokaasjes dy't sy geskikt fine trochjaan oan de gemeente. Faze 2 wie it
evenemint en faze 3 is in konkrete oanbefelling oan de gemeenteried.
It wie sneon drok yn ‘It Heechhout' yn
Berltsum. Rûn de klok fan 11 oere
kaam
Marjolein Jonker , in pionier op it mêd fan
Tiny Houses in foarljochting jaan. Sy is sûnt
2015 de earste bewenster fan in Tiny House. It húske is
hast folslein selsfoarsjennend en oer trije jier hat se de liening ôfbetelle
en wennet se skuldefrij. Hjir kamen ûngefear
100 ynteressearden op ôf. It
tal oanwêzigen rûn
middeis noch op.
Dêrnei koene de besikers
sjen nei de húskes fan ferskate oanbieders
en net de minsten! Sa wiene ûnder
oare
Ecoreadyhouse,
Mini Villa,
Mill Home en
Stinstra projecten fertsjintwurdige. Yn
Nederlân foaroprinnende
bedriuwen op it mêd fan Tiny Houses en grien libben.
Sjoen de belangstelling, it entûsjasme
fan de besikers en fan it meastepart fan de doarpsbelangen wol de FNP yn
Menameradiel en Waadhoeke in foarbyld wurde op it mêd fan
lyts en duorsum wenjen. Om ien en oar krêft by
te setten is it ek in spearpunt yn ús
ferkiezingsprogram.
Wurdt ferfolge.
FNP ferbynt!
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP