NIJS 01-11-2017
FNP waarboarget Biltske taal en kultuer
De FNP wol soargje mei in taal- en kultuer-nota foar de nije gemeente Waadhoeke dat de Biltske taal en kultuer, it “Bildts Aigene”, waarboarget wurdt. Dat is aktueel no de gemeente It Bilt opgean sil yn in nije gemeente. Om sjen te litten dat de FNP it Biltsk serieus nimt, binne de FNP-riedsleden, fan Frjentsjerteradiel en Menameradiel, de ôfrûne winter op Biltske les west. Dat hat fertuten dien, sy prate al aardich Biltsk.
De Frije Bilkerts en de FNP hawwe in
FNP-fraksje foarme "FNP-Waadhoeke" foar de aanst nije gemeente Waadhoeke. Kandidaat-riedsleden fan de FNP
praten foarige wike woansdei yn it kantoar fan "Bildts Aigene", dat mei it
Biltsk Dokumintaasjesintrum fêstige is yn de biblioteek yn Sint Anna, mei
koördinator Hetty de Wit. Dit persoanlike kontakt mei FNP-listlûkker Jan
Dijkstra, Leendert Ferwerda, twadde op 'e FNP-list en Ben Bruinsma waard tige
op priis steld. Sa koe ynformaasje gelyk oer en wer útwiksele wurde.
De gemeente
It Bilt subsidiearret it "Bildts Aigene" jierliks mei € 20.000,-- wêrfan ek de
koördinator betelle wurdt. De gemeente It Bilt sjocht graach dat "Bildts
Aigene" ek nije subsydzje-boarnen fine sil rjochting 2020. Yn 2018 moat de nije ried fan 'e gemeente Waadhoeke in
beslut nimme oer it trochsetten fan subsydzje yn 2019 en de dêrop folgjende
jierren. Jan Dijkstra sei dat "Bildts Aigene" op de FNP rekkenje kin om dy
eigenheid yn taal en kultuer yn de nije gemeente finansjeel te waarboargjen.
De FNP wol, neist it Frysk, it brûken fan it
Biltsk en it Frjentsjerter behâlde en fersterkje. Belangryk neamde Dijkstra de
bining mei it taal-ûnderwiis op 'e basisskoallen, wêr prachtich lesmateriaal
foar ûntwikkele is troch de kommisje "Meartalichheid op it Bilt". Wichtich is
ek dat yn 't fuortset ûnderwiis dy meartalichheid in plak kriget.
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP