Deinum wie moarns de earste oanstekplak. Dêr waard it nije sportkomleks De Fjouwere besjoen fan 'e fuotbal-feriening, keats-feriening, follybal-feriening en gymnastyk-feriening. Dy binne no bestjoerlik in Sport-feriening Deinum. Wy waarden gastfrij ûnthelle mei kofje en gebak en Siep Tilma joech útlis oer de fernijing fan de sport-fersjenningen en de nije bestjoers-foarm.
It twadde oanstekplak fan dizze reis wie Swarte Haan. Dêr fertelde Leendert Ferwerda oer it ûntstean fan it Bilt, de Biltske taal en eartiidse boat-ferbining, fan 1932 oant en mei 1947, tusken Swarte Haan en it Amelân. Ek waard by it gemaal de fisk-passaazje foar glêsiel en de trijetoarnige stikelbears, fanôf de Noardsee-Waadsee nei it binnenwetter besjoen.
De lêste oanstekplak wie kafee "De Driesprong" yn Winsum, ien fan 'e doarpen fan Littenseradiel dy 't op 1 jannewaris 2018 yn de nije gemeente Waadhoeke komt te lizzen. Wethâlder Bram Bonnema fertelde oer de yndustry en dêrmei de wurkgelegenheid yn dit doarp.
Corlienke de Jong, steatelid en fraksjefoarsitter:
"Dit fûn ik echt in geweldige moarn. Tige tank!"
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |