Ferline jier wie der ûnrêst ûntstien yn Berltsum fanwege plannen oer húzen oan de Pôlle. Der lein plannen foar it húsfestjen fan hûndert arbeidsmigranten yn wenten.
Nije rigels
Waadhoeke komt no mei dizze maatregels nei ûnrêst. Rekreaasjeparken, campings en bêd en brochjes krije ek te meitsjen mei strangere regels. De gemeente wol húsfêsting fan arbeidsmigranten dêr ferbiede. De bal komt benammen te lizzen by de wenningboukorporaasjes. Dy moatte in grutte rol spylje by de húsfêsting fan de minsken, dy't benammen yn de kassekompleksen wurkje. De gemeente giet net aktyf op syk nei yllegale húsfêsting fan arbeidsmigranten. As der in klacht komt, sil hanthavene wurde.