Ien fan harren hat it oersetten foar syn rekken nommen. Alle aktuele siden binne no ek yn 't Frjentsjerters. De gemeente Waadhoeke hiet no yn 't Biltsk "Waddenhoek" en yn it Franekers "Wâdhoeke". Dat lit sjen dat beide "talen" harren eigen "aigene / eigene" ha.
De FNP wol hjirmei net allinnich rjocht dwaan oan 'e ferskillende (ming-)talen dy 't yn 'e Waadhoeke sprutsen wurde, mar lit ek sjen dat se harren partijprogram, ek wat taal en kultuer oangiet, uterst serieus nimme.