Iedema: "Om't we no ek op syk binne nei ús earste boargemaster fan gemeente Waadhoeke, en dy op 31 oktober 2018 beneame wolle, is it fansels in prachtich momint om dan ek in earste berneboargemaster oan te stellen."
De berneboargemaster kin yn de gemeente mei de ‘echte' boargemaster meigean nei bysûndere gearkomsten, sa as de nijjiersgearsit, Keningsdei, yntocht fan Sinteklaas, deadebetinksten ensafuorthinne. Dêrneist kin de berneboargemaster ek in eigen bûsboekje hawwe; sa as in wurkbesite oan in skoalle yn Waadhoeke (of de Weekendschool Franeker), of oan in organisaasje of ynstânsje dy't harren mei jeugdsaken dwaande hâldt.
As de komplete rie posityf reagearret op it útstel dan sille de basisskoallen noch foar de simmerfakânsje fan 2018 in skriuwen krije fan de gemeente om bern út groep 7 of 8 (dan noch 6 en 7) op te roppen om te ‘sollisitearjen' nei it berneboargemasterskip. Mear ynformaasje sil dan ek fia de webside en de sosjale media fan de gemeente Waadhoeke dield wurde. De folsleine tekst fan it inisjatyfútstel fine jo hjirûnder as oanhingsel.