NIJS   31-05-2018


Reaksje op profylskets boargemaster

Tongersdei 31 maaie 2018 is de profylskets foar de nije boargemaster oerlange oan de Kommissaris fan de Kening.

 

De kommisje (dêr't ús fraksjefoarsitter Leendert Ferwerda diel fan útmakket, lykas alle oare fraksjefoarsitters) hat in moaie profylskets opsteld, ús kompliminten!

 

Doe't wy de tekst lêzen hienen bekrûpte ús it gefoel dat der te min easken oan it ferstean en brûken fan it Frysk steld wienen.

 

It Frysk is in rykstaal, in taal dy't de minsken altyd en oeral brûke meie en kinne. It is dan ek wat de FNP oanbelanget tige wichtich dat ús nije boargemaster fan ‘t begjin ôf oan it Frysk ferstean kin.

 

Dernjonken hat de boargemaster ek in seremoniële funksje. Dan kinne wy ús foarstelle dat minsken it tige wurdearje as sy yn har eigen taal tasprutsen wurde.

 

Wy hawwe lykwols ek begryp foar de argumintaasje fan de fertrouwenskommisje dat sy safolle mooglik goede kandidaten sollisitearje litte wolle.

 

Dêrom hat wurdfierder Gea Iedema yn de riedsgearkomste fan 31 maaie oanjûn dat wy as FNP derop oantrune dat yn de petearen, mei de kommissaris en/of fertrouwenskommisje en de kandidaten, it ferstean en it brûken (praten) fan it Frysk stevich oan de oarder komme sil.



Downloads:
Profylskets boargemaster waadhoeke frysk.pdf


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer