NIJS   13-09-2018


Soargje foar draachflak oer arbeidsmigranten yn Waadhoeke

No's it kolleezje it nije húsfêstingsbelied foar arbeidsmigranten ferromje wol, fynt de FNP Waadhoeke dat der wol draachflak wêze moat. Ús riedslid Sijbe Knol stelde jûn fragen yn de ried.

"Gean it petear oan mei de doarpen" (Sijbe Knol)

Earder dit jier hat de nije gemeente it belied fan de trije âlde gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel harmonisearre. Dat belied giet oer de húsfesting fan arbeidsmigranten út lannen as Poalen en Grikelân. Mei it belied wol Waadhoeke foarkomme dat de arbeidsmigranten allegearre byinoar yn ien strjitte wenje, want dat is neffens de gemeente net goed foar de yntegraasje.

 

Wol in plakje, net yn hannen fan ynvestearders

Sijbe: "It is net in ideaal belied. Der moat gjin kwotering foar in doarp mear wêze. Tsien persint mei ferhierd wurde oan arbeidsmigranten. Dat kin yn hannen komme fan ynvestearders. Der binne minsken dy't de strjitten by delrinne en huzen keapje foar migranten. Dy minsken moatte fansels in plakje ha en wy snappe dat it kolleezje wat feroarje wol yn it belied, mar soargje wol foar draachflak." In oplossing dy't neamd is dat de gemeente wurknimmers by de wurkjouwers sels pleatse. Sy kinne harren dan ek ynskriuwe by de wenningbou. "Dy minsken wolle dan ek langer hjir bliuwe." 

 

Der is no gjin draachflak

Dat draachflak is der no krekt net. De mienskip wurdt net genôch meinaam yn de beslútfoarming. Sijbe "Gean it petear oan mei it doarpsbelang en jou elkenien de romte om der wat fan te finen. As jo in kar meitsje moatte, wolle wy alle foars en tsjins witte. Dit leit polityk gefoelich en dêr moatte jo rekken mei hâlde. Oars kinst net op draachflak fan de mienskip rekkenje. Jo moatte de minsken hifkje."

 

De fragen dy't de FNP steld hat moatte yn in iepenbiere gearkomste. De gemeente hat ek in kearnteam foar ûnderwerpen dy't libje yn de mienskip. Sijbe: "Dêr moat dit in plakje krije, mar it kolleezje is dat net fan doel. De ried koe it sels wol op de aginda sette. Dat sille wy ek wol dwaan." Ta beslút fynt de FNP dat Waadhoeke hjir foarsichtich mei omgean moat en de minsken deryn meinimme moat. As der mar draachflak is. 



Tags: Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer