NIJS   23-01-2019


FNP Waadhoeke freget maatwurk foar fergunningen foar eveneminten

It is lestich foar evenemintorganisaasjes om noch oan alle regels en wetten te foldwaan. Dêrom pleitet de FNP Waadhoeke foar maatwurk by de fergunningferliening fan eveneminten en sil dêr tongersdei in moasje foar yntsjinje.

"frijwilligers reitsje de aardichheid kwyt" (Sijbe Knol)

OKK yn Bitgum moast fan de gemeente oeral hikken sette by in keatswedstriid, eveneminten yn Marsum binne hast net te beteljen fanwegen de kosten fan parkearwachten en befeiliging en it Sinterklaasfeest yn Sint Anne kin yn Ons Huis net mear organisearre wurde omdat befeiligers foar de doar stean moatte moatte. Yn Berltsum seit de organisaasje fan it doarpsfeest in soad jild kwyt te wêzen foar de easken om in fergunning te krijen.

Foarbylden dy't neffens de FNP de gefolgen binne fan 'e gemeentlike fúzje en nije, strangere regelingen. Sokke barrens binne wichtich foar de ûnderlinge bining fan doarpsmienskippen: "Krekt dat mienskipsgefoel wurdt no troch tal fan faktoaren bedrige", sei riedslid Sijbe Knol.

“De organiaasje wurdt dien troch frijwilligers dy't no de aardichheid kwyt reitsje. Dit binnen krekt de eveneminten dy't bydrage oan de leefeberend."

Yn de moasje dringt de FNP oan op oanpassing by it jaan fan fergunningen foar eveneminten en freget om in evaluaasje fan it evenemintebelied.


Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer