"De oanlieding om lytsere wenningen te realisearjen lei der al folle earder", seit ús riedslid Sijbe Knol. SIjbe: "Yn april 2017 hat de folsleine ried fan Menameradiel ja sein tsjin in foarstel om it ferlet te ûndersykjen en mei in konkreet foarstel te kommen. Dêr is dit in útfloeisel fan. Doarpsbelangen hawwe doe ek tige posityf reagearre en lokaasjes oandroegen."
Basisskoalle Lyts Libben
De wurkgroep Kleiner Wonen hat in plan ûntwikkele mei tolve duorsume wenningen yn in hofke op it plak fan de eardere basisskoalle Lyts Libben. Oanlieding foar it foarstel fan de partijen is in memo fan it kolleezje fan B&W. Dy wolle earst ôfwachtsje wêr't de supermerk en in tydlik multyfunksjoneel sintrum (MFC) komme kinne.
Trochpakke
Ferline jier is de gemeente in omjouwingswet-pilot starten. Doel wie om projekten mei mearwearde en draachflak fierder te helpen en de realisaasje flugger ferrinne te litten. De plannen foar it hofke wiene earder op de lange baan skood troch de gemeentlike fúzje yn 2017-2018.
Lês mear
Omrop Fryslân oer Kleiner Wonen Berltsum