NIJS   05-09-2019


Nij stasjon Frjentsjer: ferhier OV-fytsen

Ús riedslid Gea Iedema frege har yn it fragenoerke ôf at by de ferbou fan stasjon Frjentsjer ek OV-fytsen ferhierd wurde kinne.



"Lit toeristen Waadhoeke ûntdekke" (Gea Iedema oer de OV-fytsen)

Op it stuit wurdt it stasjon oan de Anna Maria van Schurmansingel ferboud. Gea: "Der is net mear in plak yn Frjentsjer wer’t je fietsen hiere kinne. Spitich want sa kinne toeristen dy’t mei de trein komme net ús moaie gemeente mei de fiets ûntdekke. Der is allinnich in hotel dy’t sels in pear fietsen oanskaft hat om oan harren besikers te ferhieren’’
 
Wethâlder Jan Dijkstra fûn dit in goed idee en die in tasizzing om dit mei te nimmen.
 



Tags: Ferfier yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer