Hjoed wie groep 8 fan de Kabas út Frjentsjer oan 'e beurt om it ynteraktyf spultsje 'Democracity' te spyljen op it gemeentehûs yn Frjentsjer. It spul bestiet út blokken dy 't foar de ûnderskate ûnderdielen fan de stêd stean: skoallen, helptsjinsten, grien, supermerken etc. It is in aardige wize om de bern yn 'e kunde komme te litten mei de polityk.
![]() |
De klas waard troch in meiwurker fan Prodemos earst opdield yn politike fraksjes. Yn elke fraksje moast in koart partijprogramma makke wurde. Doe gongen de fraksjes mei elkoar yn debat. Der waard stimd oer de foarstellen sadat Democracity ôfboud wurde koe.
|
![]() |
Mei Democracity wurdt der op in aardige en ynteraktive manier kennis makke mei demokratyske beslútfoarming. Tagelyk wurdt der by de bern ynteresse wekt foar de polityk.
|
![]() |
En dat se ynteresse hienen die bliken út de lange rige fan bern foar de mikrofoan. Dat liket mar goed foar de takomst fan de gemeente Waadhoeke. Wy binne dan ek tige bliid dat de gemeente ek dit idee út ús inisjatyffoarstel (foar in berneboargemaster) yn syn gehiel ta útfier bringt.