Vollema waard yn de riedsgearkomste fan 26 septimber beëdige as riedslid. Hij folget Leendert Ferwerda, St-Anne op as fraksjefoarsitter, dy’t al oanjûn hie dy funksje foar in heale riedsperioade dwaan te wollen.
Bert Vollema hat yn de ried fan gemeente Waadhoeke it plak ynnommen fan Sijbe Knol, St.-Anne, dy’t yn de steatefraksje fan de FNP kommen is.
Vollema wie earder al fan 1 april 2016 oantemei 31 desimber 2017 riedslid foar de FNP yn de gemeente Frjentsjerteradiel.
![]() |
|