NIJS   10-12-2019


Haaye Hoekstra út de FNP Fraksje

Yn goed oerlis ha Haaye Hoekstra en de fraksje fan FNP Waadhoeke besletten om út inoar te gean.

In ferskil yn ynsjoch yn ferskate dossiers hat de oanlieding west ta dit beslút.

 

Soms rinne saken sa en kinne jo better as freonen skiede. De hear Hoekstra sil him de kommende wiken beriede oer hoe fierder.

 

Oan ‘t jannewaris ta sil Haaye trochgean as selsstannich riedslid. Dernei leit de kar foar om oansluting by in oare partij te sykjen, as selsstannich riedslid fierder te gean of te stopjen as riedslid.

 

Neiskrift: 3 jannewaris 2020 docht bliken dat Haaye Hoekstra him oanslúten hat by Gemeentebelangen Waadhoeke.

 

 

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer