NIJS   08-12-2020


Help Vink Sion Bitgum út it stikstofmoeras

Dit wykein waard dúdlik dat paprikateler Jaap Vink fan Bitgum de driging boppe de holle hinget dat har houtsnippersintrales freed ticht moatte. Op oanstean fan de miljeuklup MOB hat it Kolleezje fan Deputearre Steaten besletten om te hanthavenjen.



"Net hanthavenje sûnder nei te tinken" (Sijbe Knol en Wopke Veenstra oer de Bitgummer paprika's)

As de kachels net út geane, dan moatte se per oertrêding in twangsom fan 3.000 euro betelje. De FNP Steatefraksje wie ôfrûne wykein op besite by de paprikakas yn Bitgum en stelt fragen by de wize fan hanneljen fan de provinsje.
 
Vink Sion is koprinner duorsemens
As de kachel yn Bitgum út moat hat dat grutte gefolgen foar Vink. Sûnder ferwaarming kin hy syn paprikaplantsjes net yn libben hâlde. Earder waard hy sjoen as in foarrinner dy't derfoar soarge dat snipperhout út de omjouwing duorsum brûkt waard foar it fossylfrij ferwaarmjen fan syn kassen. Mar no't grutte enerzjymaatskippijen lykas Vattenfall koalesintrales ombouwe nei biomassa en hout út de hiele wrâld wei nei Nederlân slepe, is de publike opiny omslein. De miljeu-organisaasje MOB makket gjin ûnderskied en hat dêrom troch it hiele lân hinne hanthaveningsfersiken by biomassa-ynstallaazjes dien.

Beskieden
Dêrby is de omfang fan de houtsintrale yn Bitgum hiel beskieden. Ek de útstjit is sa leech dat se fier ûnder de drompel bleaunen en der gjin melding of fergunning nedich wie. Neidat de rjochter maaie ferline jier útmakke hat dat it PAS-systeem foar stikstofbelêsting op de natuer ûnrjochtmjittich is, moatte de houtsintrales dêr no ek in fergunning foar hawwe. It probleem is lykwols dat dêrfoar no in hiele drege en djoere proseduere nedich is om oan te toanen dat de útstjit gjin skea docht oan Natura 2000-gebieten. De oare opsje fan ekstern saldearre is op dit stuit yn Fryslân net mooglik.

Wêrom hanthavenje?
De FNP wol fan it Kolleezje witte wêrom it besletten hat om te hanthavenjen, wylst oare oerheden hanthaveningsfersiken krekt ôfwiisd hawwe. Sa fûn bygelyks de Minister it net evenredich om te hanthavenjen by ferskillende boargerfleanfjilden en de fleanbasis fan Ljouwert. Jurisprudinsje fan de Ried fan Steat jout dêr romte ta. Ek wol de partij witte oft oare bedriuwen of partikulieren no ek in fergunning nedich hawwe, as by in aktiviteit stikstof ûntstiet.
 
Ekstern saldeare
As it oan de FNP leit, helpt de provinsje de ynwenners en bedriuwen om oan de regels te foldwaan. Dêrom binne der ek fragen stelt oer hoe't ynwenners holpen wurde kinne by de fergunningferliening. Foar de houtsintrale fan Bitgum soe ekstern saldeare in mooglike oplossing foar it probleem wêze kinne. Dy opsje is no noch net mooglik yn de provinsje Fryslân en de FNP wol graach fan it Kolleezje witte wannear't bedriuwen yn ús provinsje der al gebrûk fan meitsje kinne. Wy moatte der foar soargje dat ús ûndernimmers út it stikstofmoeras holpen wurde!
 
Resultaat
10 desimber 2020: Jaap Vink út Bitgum hoecht syn saaklike aktiviteiten net te stopjen. Hy hat oant de maitiid in fergunning te regeljen. "Wy ha de termyn oprekt", seit deputearre Douwe Hoogland.
 
Lês mear
Leeuwarder Courant 8 desimber 2020 FNP: provincie moet pal staan voor paprikateler uit Bitgum
Nieuwe Oogst 9 december 2020 Paprikateler stapt naar rechter om stikstofhandhaving
 
 


 Help Vink Sion Bitgum út it stikstofmoeras



Tags: enerzjy en duorsumens, lanbou, wurkje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer