NIJS   12-06-2020


FNP bliid mei aksjeplan bioferskaat yn Waadhoeke

Tongersdeitejûn behannele de gemeenterie fan Waadhoeke it lang ferwachte "BiodiversiteitsActieplan". Dat joech in útkomst mei twa gesichten: It beliedsplan is yn grutte mearderhyd troch de Rie oannommen.

In grutte, troch ús winske plus derophelle it net, omdat CDA, VVD en Gemeentebelangen dat net woene. Dit is foar de minsken dy't harren serieus ynsette foar in sûnere en bettere wrâld in grutte teloarstelling. Dat dy minsken der binne is û.o. dúdlik wurden yn gearkomsten dy't op fersyk fan de rie hâlden binne. Dat wie moai om te sjen.

 

De direkte oanlieding BiodiversiteitsActieplan wie in moasje fan de Christenunie yn febrewaris 2018. De strekking: gemeente Waadhoeke moat mear dwaan oan it befoarderjen fan it bioferskaat en belûk dêr foaral ek de ynwenners by. De moasje krige stipe fan SAM, FNP én Gemeentebelangen, in romme mearderheid yn de rie. It kolleezje naam de moasje oer, want yn it koalysjeakkoart is de ûntwikkellijn "Ons landschap - duurzame oogst voor de toekomst" opnommen en dêr past it tema bioferskaat prima yn.

 

Wethâlder Dijkstra fan de FNP gie oan de slach. De ynwenners fan Waadhoeke, belanghawwenden en saakkundigen waarden rieplachte en sa kaam der in konsept Biodiversiteitsplan ta stân, mei tal fan ideeën om it bioferskaat yn ús gemeente te ferbetterjen. Sa'n plan is ek bitter nedich, want wy witte allegear dat it tal bijen, blommen, flinters, micro-organismen hurd tebek rint. Dat troch it tadwaan fan minsken. En dat is net goed. Foar ús net en noch folle minder foar de kommende generaasjes. Dêr meie we de eagen net foar slúte.

 

Alle politike partijen yn Waadhoeke hawwe harren kommentaar op it konseptplan jûn en dêr waard it plan allinne mar better fan. Men woe noch wol mear ambysje sjen, alhiel yn lijn mei wat wy as FNP graach wolle. It risseltaat fan al dy ambysjes stean ferwurde yn in ‘pluspakket' boppe op it beliedsplan. De kosten fan it pluspakket binne troch it kolleezje rûze op sân ton oer fiif jier, dat is 140 tûzen euro op jierbasis. In slompe jild, mar op in jierbegrutting fan € 130 miljoen is dát betreklik. Fansels moatte dizze útjeften ôfwoegen wurde by de begruttingsbehanneling yn novimber. Der binne mear plannen en ek de FNP wit dat jild wat we net ha, we ek net útjaan kinne. En dat wie no krekt it útstel fan it kolleezje: nim it pluspakket mei nei de begrutting fan 2021.

 

Spitich dat ús koalysjegenoat, it CDA, oanjûch dat se der gjin sint foar oer hawwe. It plan fan it kolleezje mei de ambysje wêr't men om frege hie, waard sûnder diskusje fan fan tafel fage. De fraksje fan Gemeentebelangen wie alhiel net te folgjen, safolle ferskil sit dêr tusken harren wurden en harren dieden. GB stimde yn 2018 foar it inisjatyf fan de CU, tsjinnen in tal ferbetterfoarstellen yn dy't troch it kolleezje oernommen waarden. Wat wolle jo noch mear?  Wurdfierder Haaye Hoekstra liet lykwols witte dat ek sy net yn diskusje woene oer de mearkosten, los fan mooglike romte yn de begrutting. In noch gjin jild kostjend ûndersykje hoegde ek net neffens harren. Spitich fan al de ynbring fan ús ynwenners.

 

Nei alle diskusje stimde de rie dochs unanym yn mei it Biodiversiteits Aksjeplan, sûnder it pluspakket mei te nimmen nei de begrutting fan takom jier. De FNP sil by de begruttingsbehanneling foarstellen yntsjinje om parten fan dit plan dochs út te fieren. Wy binne dat ferplichte oan ús ynwenners foar harren ynset en mear noch binne wy dat ferplichte oan de takomst fan ús planeet dy't ierde hjit.

 

 

Bioferskaat yn Waadhoeke
Foto: Bert Vollema

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer