Der is ûnrêst yn de doarpen oan de noardkant fan ús
gemeente. De diskusje dy 't yn 2018 oer keamerferhier oan arbeidsmigranten
begûn, lôget op 'e nij op. Doarpsbewenners binne benaud dat de siel út harren
doarpsmienskip ferdwynt, as der in soad huzen foar keamerferhier brûkt wurde.
Bianca Leistra ut Tsjummearum, manager Personiel en Produksje fan Van Overbeek yn Berltsum, folget de diskusje al fan it begjin ôf. Mei har bedriuw besiket se wurknimmers
op eigen terrein te húsfestjen. En dat freget moed, neffens Leistra. As se weromsjocht
op de diskusje seit sy: ‘Ik ha it gefoel dat der binnen de gemeente yn dy trije
jier neat bard is.'
By Van Overbeek binne simmerdeis sa 'n 200 froulju en manlju yn tsjinst om
tomaten en ierdbeien te fersoargjen en te rispjen. Bûten it heechseizoen sakket
dat oantal, mar binne der noch altyd 40 minsken yn fêste tsjinst. Van Overbeek
ynvestearre al betiid yn taallessen foar har meiwurkers. It idee is dat sy har
dêrmei sawol op it wurk as binnen de doarpsmienskippen dêr 't se wenje,
makliker bewege kinne.
Leistra: ‘Wy binne in famyljebedriuw dat sûnt 2003 yn de doarpsmienskip sit. Wy
begripe dan ek dat doarpen harren soargen meitsje as der in soad huzen foar
keamerferhier brûkt wurde. Dy huzen binne dan net beskikber foar jongerein dy 't
in eigen plakje sykje. Wy hawwe sels mar twa wenningen dêr 't wy keamers fan
ferhiere oan ús wurknimmers en soene it leafst ús wurknimmers by ús eigen
bedriuw húsfestje. Wy wolle dat se foar in lege priis in keamer hiere kinne,
want as bedriuw hoege wy net oan húsfêsting te fertsjinjen.'
‘De gemeente stelt dat der net folle bedriuwen binne dy 't húsfêsting op eigen
terrein realisearje wolle. Dat snap ik. Wat in moed is der foar in ûndernimmer
foar nedich om dit op te pakken. Sels besykje wy al in moai skoft in sjalet op ús terrein te realisearjen en yn twa fan ús bedriuwsgebouwen
apparteminten te meitsjen. We wolle it as bedriuw nei elkenien netsjes dwaan,
mar je wurde der wanhopich fan wannear 't je sjogge wêr 't we tsjin oan rinne.
Ut de gemeente wei kamen der betinkingen by ús sjalet. It paste hjir net yn it
strjitbyld, want it soe better fan glês wêze. Ek de troch ús foarstelde
boekehage wie fout, it soe in hage fan konifearen wêze moatte. It duorre
úteinlik 9 moanne om dit trajekt troch te rinnen en besoarge my in hiel soad
wurk. Begjin dan mar ris oan in projekt lykas by de Ierappelbeurs yn
Sint-Jabik.'
'No meitsje wy ek plannen foar twa apparteminten yn ús bedriuwsgebouwen. Yn it
iene appartemint soene 6 en yn it oare 8 oant 10 persoanen in plakje fine
kinne. Om dy realisearje te kinnen namen wy in arsjitekt yn 'e earm. We
stjoerden him de easken troch fan it snf-keurmerk dêr 't húsfêsting foar
arbeidsmigranten oan foldwaan moat.
Je soene ferwachtsje dat de gemeente entûsjast meiwurket. It is lykwols as
doart gjinien dêr de ferantwurdlikheid te nimmen. Dêrtroch duorret it en
duorret it mar foardatst echt oan de slach kinst.
Mei safolle barriêres makkest dat it foar bedriuwen oantreklik wurdt om
oplossingen te sykjen sûnder fergunning. Dan giesto
de yllegalyteit yn... Dat moatst net wolle.'