NIJS   21-10-2022


Minnertsgea, tusken hammer en aambyld

Yn Minnertsgea hearsket ûnrêst no 't in pantsjebaas grutskalige keamerferhier foar arbeidsmigranten ûntwikkelet.



"As de gemeente mar earder yngrepen hie" (Jacob Lolkema)

De gemeenteried fan Waadhoeke hat yn july 2019 de Beleidsregel huisvesting66 arbeidsmigranten goedkard. Yn 2021 is dit belied evaluearre en wethâlder Nel Haarsma hat de ried tasein mei in Utfieringsplan Migrantenwurkersbelied te kommen. It konsept fan dit plan is op 15 febrewaris yn it Kearnteam Migrantenwurkers besprutsen en komt yn novimber wer op de aginda fan de Ried. Yn de doarpen oan de noardkant fan ús gemeente nimt ûndertusken de ûnrêst ta. Om hjir mear oer te hearren praatten wy mei Jacob Lolkema, foarsitter Pleatslik Belang Minnertsgea.

Yn it sintrum fan Minnertsgea oan de Meinardswei hat CoHousingNL yn koarte tiid 3 panden kocht. It is in frijsteande wenning op nûmer 74 en hast fuort dêr njonken stiet in kombinearre gebou mei de hûsnûmers 54 en 56. Dy lêste gebouwen waarden jierrenlang brûkt as Opvangcentrum Pension Weltevree.
Lolkema: 'Yn Minnertsgea hawwe wy in lange skiednis mei it Pension, en dat wie faaks net sa noflik. Geregeld wiene der wol 20 gasten dy't neat mear mei de maatskippij te krijen hawwe woene, mar wol jild krigen. It doarp, en benammen de pleatslike bewenners, hienen dêr in soad oerlêst fan. Faak kaam de plysje om yn te gripen as it wer eskalearre.
Doe't de eigner yn ‘e simmer fan 2021 ferstoar, hawwe wy as Pleatslik Belang de gemeente frege om yn te gripen. Wy hiene graach wollen dat se yn kontakt komme soeden mei de famylje om yn goed oerlis de bestimming fan it gebou te feroarjen. Sels as wy ús tsjinsten oanbeanen, kaam it oant neat en waard in wichtige kâns foar it doarp mist.’


Koart neidat de lêste bewenners dizze simmer it pension ferlieten, gie it ferhaal troch it doarp dat it pân ferkocht is om migrantenwurkers op te nimmen. Neifraach van Pleatslik Belang by de gemeente levere gjin ynformaasje op.
Pas as it gebou folslein opknapt is, slagget it in pleatslike ynwenner om in nammekaartsje te krijen en wurdt dúdlik dat CoHousingNL de nije eigner is. Dan wurdt ek dúdlik dat der yndie in plan is om in de trije pânnen 4, 10 en 21 keamers te ferhieren oan arbeidsmigranten.
Lolkema: 'Kin dat, freegje wy ús ôf. Kinne jo it pân ek brûke foar grutskalige keamerferhier oan arbeidsmigranten mei dy âlde fergunning fan it gasthûs? En is dizze skaal yn alle gefallen net yn striid mei de Beleidsregel huisversting arbeidsmigranten?'


De nije eigener hat yntusken de renovaasje fan it eardere pension klear en hat op 28 septimber in fergunning oanfrege foar keamerferhier by de gemeente. In dei letter hâldt it bedriuw in ynformaasjegearkomste yn MFA de Doarpsfinne. Hûndert belangstellenden komme nei de gearkomste en it negatyve oerhearsket.
Jacob: ‘Sûnder mis sil de gemeente meikoarten by ús oanklopje om advys te freegjen. Wy sjogge leaver dat de gemeente earst in eigen beoardieling docht. As wy de regels lêze, is der hast net oan te ûntkommen dat se sels ta de konklúzje komme moatte dat it net kin. Allinich al op grûn fan it tal parkearplakken dat nedich is foar al dy migranten, en dy't hjir yn it sintrum net beskikber binne, soe al in negatyf beslút nommen wurde moatte.
As Pleatslik Belang ha wy no earst mei de doarpsbewenners dy’t tichteby de gebouwen wenje prate. Wat wolle sy, want sy wurde der it meast mei konfrontearre. Wy kinne lykwols net oars tinke dan dat wy meikoarten kieze moatte tusken twa kweaden. De eigener joech oan wat wy  ferwachtsje kinne as wy nee sizze tsjin migrantenarbeiders. Dan krije wy deselde minsken as by it âlde pension. Dêrom, de gemeente hie earder yngripe moatten.
No soene wy der mei holpen wêze as wy as Pleatslik Belang in ûnôfhinklik persoan ynhiere koene om ús te begelieden. Om as bestjoer fan Pleatslik Belang yn dit dossier ús wei te finen is foar ús as frijwilligers eins in te swiere taak.'



Tags: Plattelansbelied, Thus yn Fryslan, Wenje yn Fryslan, Wurkje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer