De earste dy’t ús, frij twingend, temjitte komt as we op dizze suterige moarn op it hiem fan Simy Sevenster yn it Minnertsgeaster bûtengebiet út de auto stappe, is in jonge geit. Ik bist docht alle war om mei yn ‘e hûs te glippen as Simy yn de doariepening ferskynt. De geit hâldt nammentlik alderminst fan rein, mar nettsjinsteande dat moat er bûten bliuwe.
It golle ûnthaal jildt dus allinnich ús, as wy ús melde om it ris mei Simy Sevenster te hawwen oer har passy, it teatertsjerkje yn Wier, offisjeel de Ioannistsjerke. Mei twa oare bestjoersleden fan harren stichting ‘Freonen fan Terp en Tsjerke fan Wier’ stekt se in soad enerzjy yn it opsetten fan in kultureel programma yn it tsjerkje. Dêrmei docht se rjocht oan de missy fan de stichting, dy’t omskreaun stiet as ‘het behoud van cultuur en natuur door het verspreiden van kennis’. In wiid fiemjende doelstelling dus.
No soe út it foargeande - trouwens abslút te'n ûnrjochte – de konklúzje lutsen wurde kinne dat it trijekoppich bestjoer alles sels docht, mar dan ferjitte wy de grutte ynset fan in flink tal frijwilligers. Yn de rin fan it petear krije se fan Simy no en dan de noadige fearren yn ‘e broek stutsen.
Oant Simy yn 2008 lid waard fan it nije bestjoer fan de behearsstichting, hat de tsjerke in min of mear sliepend bestean hân, nei’t er yn 1983 oernommen waard troch de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Under ympuls fan it nije bestjoer waarden plannen ûntwikkele foar in restauraasje fan it gebou, in wurk dat yn de jierren 2012 en 2013 útfierd wurde koe. Dêrby hat de eigen stichting, mei troch in geweldige selswurksemheid, mei eigen jild it nije ynterieur realisearje kinnen, fan de tegels yn de toer oant it meubilêr yn de tsjerkeseal.
Sûnt de renovaasje wurdt mei it legerke frijwilligers stadichoan boud oan in kultureel programma dat alle jierren wer klinkt as in klok. Yn it seizoen wurdt om de wike in konsert of in oar optreden organisearre, wylst de tsjerke yn de tsjerkepaadwiken ekiepen is. It programma, dêr't trochinoar sa’n 30 oant 40 besikers op ôf komme, bestiet net allinnich út muzyk. Ferhalefertellers bygelyks krije út en troch ek in kâns. En dat it mei de publike belangstelling ek wolris ôffalt, ach, dat heart derbij en dat kin de stichting bêst ferneare, sa jout Simy oan. “Wy buorkje bêst. Wy binne ek freeslike sunich. Ik meitsje sels ek sjem om te ferkeapjen, om sa mear dingen mooglik te meitsjen.”
Wichtich is dat it de stichting poerbêst slagget om de eigen broek op te hâlden. Elk jier yn jannewaris komt der in minimaal bedrach fan Alde Fryske Tsjerken om sels wat lyts ûnderhâld útfiere te kinnen, mar de kosten fan it kulturele programma wurde folslein droegen troch de ferkeap fan yntreekaarten en konsumpsjes; subsydzje krijt de stichting net. Moast der yn it begjin noch al wat enerzjy stutsen wurde yn it folslein meitsjen fan it programma, de lêste jierren melde in protte útfierenden harren sels al mei de fraach of der foar har optreden ek in datum fûn wurde kin.
Neist de ynset foar it kultureel programma yn de Ioannistsjerke, hâldt Simy har ek dwaande mei de ynfolling fan it parkje dat leit op it terrein fan Lautastate en dat eigendom is fan Staatsbosbeheer. Dit parkje wurdt omtovere ta de Lauta Nachttún, dêr’t ûnder oaren in stjerretafel komt op in ‘wier’, in terp. De nachttún kin hooplik dizze hjerst iepene wurde.
Wannear't wy freegje wat har yndruk fan de nije fúzjegemeente is, dêr’t har stichting by de weryndieling yn terjochte kommen is, reageart se o sa posityf oer it besteande kultuerbelied, al binne de kontakten net sa frekwint. Benammen fan de koroanastipe, dy’t de stichting in bedrach per frijwilliger opsmiet, seach se ferheard op, temear omdat se dy stipe sels net oanfreegje hoegde.
Oer har ynset foar de tsjerke en de terp yn Wier, trouwens in lang skoft har eardere wenplak, is se koart mar dúdlik. Dat wurk fynt Simy prachtich om te dwaan en salang’t de enerzjy der is, brûkt se dy folslein foar it alle jierren yninoar setten fan opnij in ynspirearjend kultureel programma en it yn goede banen lieden fan de ferskate útfierings .
As wy de doar út gean, reint it wat fûlder, mar it geitsje is yn gjin fjilden of wegen mear te bespeuren. Omdat se op ús net hoegde te rekkenjen, hat se dúdlik sels al earne in drûch plakje fûn.