NIJS   18-07-2022


Teetún in Peins

Dieke en Hans op wurkbesite by Henk Visser yn de teetún yn Peins. De teetún is rom 1 hektare grut en prachtich om te besjen.



"Mear dwaan wolle mei deibesteging" (Henk Visser )

Sa'n twa jier ferlyn hat Henk tegearre mei syn dochter de teetún mei it pleatske kocht. De teetún is rom 1 hektare grut en prachtich om te besjen. Sintraal  yn syn bedriuwsfiering stiet it sykjen nei de bêste belibbing foar besikers. It is syn doel om echt in bedriuw foar de takomst op te bouwen dat sintraal yn de mienskip stiet. 

Der is foar jong en âld wat te belibjen. Jo kinne hearlik omdwale troch de fariearre tún, efkes mei de bern  by de pony’s  en mini- ezels sjen, of rêstich in bakje dwaan op it terras mei útsicht op de fiver. It is in plakje dêr't  je hielendal ta rêst komme kinne en genietsje fan al it moais om je hinne. 

Henk hat noch ferskillende ideeën en winsken foar de takomst om it bedriuw noch fierder te ûntwikkeljen. Der is bygelyks in kas mei in grientetúntsje en hy soe hjir graach mear produkten fan brûke wolle. In farsk ierdbeike op it gebak, farske minttee en slaad op it broadsje. Allegear om te soargjen foar dy ekstra belibbingswearde. 

Net allinnich it ekonomyske belang is wichtich, mar ek maatskiplik wol hy graach wat bydrage mei de teetún. Sa soe hy wol mear dwaan wolle mei deibesteging. It is foar dizze doelgroep net allinne wichtich om mei te draaien yn de maatskippij, mar ek gewoan gesellich om in leuke ploech minsken om je hinne te hawwen mei  je wurk. Dat is ek wat hy ûnderfynt yn syn oare wurk, as direkteur fan Pack en Zo en Stap naar Werk yn Frjentsjer. Mei syn allen wat moais delsette.

Wat kin der better yn Waadhoeke?
Oer it algemien wie Henk tefreden oer de gemeente en probearret har der ek altyd  by te belûken. Hy fielt wol in bepaalde tagonklikheid. Derneist hat it ynsetten fan accountmanagers foar bedriuwen yn de gemeente in goede set west. Hy hat noch wol twa tips foar de gemeente. De doarpen soene noch folle mear betsjutte kinne foar de gemeente, troch bygelyks ateliersessies en gearkomsten yn doarps- of ferieningsgebouen te hâlden. As twadde moat in ûndernimmer dúdlik ynformearre wurde wêrom eat wol of net kin. It is wichtich tegearre mei de ûndernimmers te sjen nei de mooglikheden en kânsen dy't der binne, sadat der gesamenlik in winsklike sitewaasje ûntstiet mei ferskate kânsen nei  elks tefredenheid.



Tags: Ite en drinke, Rekreaasje en toerisme, Wurkje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer