Koälysje-akkoart: Sûn wurkje
oan ’e takomst
Mei dit akkoart besteget de gemeente meter oandacht oan de relaasje tusken boarger en gemeente, troch mear ynhâld te jaan oan tsjinstferliening en het ‘nei-oan bestjoeren'.
Ynhâldlik binne der fiif spearpunten:
Mear wentebou, duorsumens, noflik en sûn libje wêr elts de kâns hat om mei te dwaan yn in sûne omjouwing: dat betsjut dat lânskip, natoer én lânbou inoar fersterkje. As lêste sil de gemeente stypjend wêze. De wethâlders sille noch mear as foarhinne in stypjende rol kieze: "Ja, dat kin, as we dat en dat regelje." Dat betsjut ek dat der dúdlik sein wurdt as saken echt net kinne.
It kolleezje
It nije kolleezje krijt neist boargemaster Waanders 4 wethâlders: twa fan SAM, GB en FNP leverje elk ien.
De wethâlders binne:
Marja van der Meer (SAM)
Wie 8 jier riedslid en 4 jier wethâlder yn Menameradiel, griffier op Skiermûntseach en wurket op dit stuit as manager bij in soarchynstelling. Wennet in Ingelum
René de Vries (SAM)
Wurket as teammanager foar gemeente Súdwest Fryslân. René wennet yn Hjerbeam en is aktyf yn it ferieningslibben.
Kees Arendsz (Gemeentebelangen)
Is 4 jaar riedslid foar de gemeente Waadhoeke, earder al skoften riedslid foar Menameradiel. Arendsz wurket as plysjeman yn Noard-Nederlân. Wennet yn Dronryp.
Jan Dijkstra (FNP)
Waard fjouwer jier lyn wethâlder yn Waadhoeke. Dêrfoar hat hy jierren riedslid yn de gemeente Frjentsjerteradiel west. Dijkstra is begongen as frachtweinsjauffeur en wie foar it wethâlderskip teamlieder by ferslavingssoarch Fryslân.
It proses
Nei de ferkiezingen joech ynformateur Peter van der Voort it advys foar in sterk lokaal kolleezje mei in akkoart op haadlinen. Dat advys is opfolge en ûnder lieding fan formateur Henni van Asten kamen de partijen SAM, Gemeentebelangen en FNP flot ta in nij koälysje-akkoart.
NB. It koälysje-akkoart is yn fjouwer talen beskikber: Frysk, Bildts, Franekers en Nederlânsk. Alle fjouwer stean hjirûnder.