NIJS   10-05-2022


Thús yn Marsum - Jan en Johanneke Woudstra

Op wurkbesite by de melkfeehâlderij fan Jan en Johanneke Woudstra oan it Aldlân ûnder Marsum en Menaam.



"In lokaal systeem foar kompost opsette" (Jan en Johanneke Woudstra)

 

Wat makket Marsum dyn thús?

Jan Woudstra hat earst studearre en oare dingen dien foar't er it bedriuw fan syn heit oernaam hat. Johanneke komt út Brabân en hat it hjir tige nei it sin yn de mieden.

 

Tegearre buorkje se op harren moaie bedriuw mei in 115 melkkij tichtby Ljouwert. Jan wol graach buorkje sûnder it miljeu bot te belesten.

De Woudstra's ha besletten om de natuer mear romte te jaan. Sa is in 8 hektare no fûgeltsjelân. Om it bioferskaat op it hiem fuort te sterkjen hat Johanneke in grutte hage plante mei in ferskaat oan planten. Dit jouwt skaad en smoute foar it jongfee. Boppedat is it ryk oan fretten foar sawol de fûgels as it jongfee. Sy wolle dit initsjatyf fierder útdrage. Yn gearwurking mei de Stifting Heg en Landschap wolle sy in program opsette om boeren entûsjast te meitsjen foar dizze ytbere hagen.

 

Wat soe der de kommende fiif jier barre moatte?

Johanneke en Jan ha in grutte dream. Sy wolle graach kompost meitsje fan it gers út de bermen. No 't we yn Waadhoeke ekologysk bermbehear hawwe, wurdt meand gers ôffierd en sa folle mooglik komposteard. Yn gearwurking mei oare ynteresearre boeren kin der in koöperaasje foar it ferwurken fan dat gers ta kompost opset wurde, in lokaal systeem. It restprodukt kin dan rjochtstreeks wer brûkt wurde op it lân, wêrtroch der eins gjin keunstdong mear nedich is.

 

It meitsjen fan keunstmest kostet in protte ierdgas en stiet in protte CO2 út. Boppedat ferbettert de struktuer fan de ierde net en wurdt it miljeu folle mear beleste. De fraach is dan ek terjochte wa kin hjir op tsjin wêze soe men sizze.

 

Hast in oprop oan de polityk?

Om te kommen ta in lokaal systeem is de meiwurking fan de gemeentes Waadhoeke en Ljouwert is essinsjeel. Ús wethâlder Jan Dijkstra is yn elts gefal entûsjast. Ôfpraat wurdt dan ek dat Jan en Johanneke in ôfspraak meitsje mei ús wethâlder Jan Dijkstra.



Tags: Bioferskaat, Buorkje yn Fryslan, Klimaatferoaring, Miljeu, Natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer