NIJS   12-03-2022


Thús yn Marsum: Tjibbe en Johannes Deinum (Rijplatenverhuur Deinum)

Op besite by de firma Rijplatenverhuur Deinum yn Marsum, foel de delegaasje fan de FNP Waadhoeke drekst op hoe opromme en netsjes it grutte bedriuwsterrein derby laai op dizze frisse freedtemoarn. Hûnderten stielen en keunststof rydplaten en ek in pear hûndert azobé draglineskotten leine kreas optaast te wachtsjen om nei bouwurken oer de hiele provinsje (en gauris ek dêrbûten) brocht te wurden mei eigen frachtweinen mei laad/loskraan. Sittend op de kraan kin de sjauffeur mei in ôfstânsbetsjinning de frachtwein sachtsjes tebek ride litte oer de baan fan rydplaten dy't er krekt sels lein hat. Fluch en effisjint.



"Mear advisearjende oanpak by de hanthaveners" (Tjibbe en Johannes Deinum )

  

Bopperegionaal wurkgebiet

De bruorren Tjibbe en Johannes Deinum starten harren bedriuw in 2008 yn Dronryp, fan "in boerespultsje" út. Yn 2020 koene se it âlde steunpunt fan Rykswettersteat by Marsum keapje fan boubedriuw Hiemstra. It âlde kantoar waard sloopt en in nij, modern kantoargebou (ûntwurpen troch de suster fan de eigeners) waard oan de besteande loads fêst boud, wat no in prachtich gehiel foarmet, mei maksimale romte dêromhinne foar de grutte frachtweinen, dy't de rydplaten oan- en ôffiere. Fan syn kantoar út hat Tjibbe yn ien eachopslach sicht op alles wat der op it terrein bart. In grut foardiel.

De klanten fan de firma Deinum sitte yn hiel Noard-Nederlân, wylst min ek gauris de ôfslútdyk oerstekt om yn de kop fan Noard-Hollân riidplaten te leverjen. Hiel faak giet it om lokaasjes wêr't grutte wynmûnenboud wurde en mei de rydplaten út Marsum wurde de boupleatsen tagonklik makke foar it swiere ferkear dat de ûnderdielen fan de mûnen ôfleverjen komt.

 

Miljeufreonlike wurkwize

Op it bûtengewoan kapitaalyntinsive bedriuw wurdt mei fjouwer minsken sa miljeufreonlik mooglik wurke. De FNP'ers koene mei eigen eagen sjen hoe rydplaten dy't fan de klant werom komme, skjinmakke wurde. Mei in grutte spatel wurde se stik foar stik sawol oan de boppe- as oan de ûnderkant ôfskrape, sadat se alhiel skjin wer nei de folgjende klant kinne. De ôfskraapte grûn wurdt as ‘smoarge grûn' nei in spesjaal bedriuw ôffierd.

 

Bytiden sjitte de rigels troch

Pratend oer regeljouwing en it hanthavenjen derfan, merkt Tjibbe op, dat der altyd mar fanút gien wurdt dat elts op de hichte is fan alle rigels, wylst dat yn syn eagen foar in jong, startend bedriuw suver net mooglik is. Hy pleitet dan ek foar in wat mear advisearjende oanpak by de hanthavers, want dêr sjitte de rigels en de hanthavening gauris troch, wat foar in bulte argewaasje en ek hege kosten soarget. Hy hellet in foarfal oan oer wergebrûk fan eigen grûn op it eigen terrein, wat úteinlik (ûnnedich) laat hat ta in konfrontaasje mei provinsjale hanthavers en hege kosten.

 

Haadsponsor keatsferiening Sjirk de Wal

Yn it petear waard de ferbûnens fan de bruorren Deinum mei it doarp Dronryp al hiel gau dúdlik. Net allinne wenje de beide bruorren der, se woene dy ferbûnens ek graach konkreet foarm jaan. Dy kâns die him twa jier lyn foar, doe't it haadsponsorskip fan keatsferiening Sjirk de Wal frij kaam. De Deinum bruorren hapten ta en namen tagelyk de gelegenheid te baat de fersnipeling yn it sponsorbelied ta stean te bringen; de keatsferiening hat der foardiel fan.

 

Tige tefreden mei gemeente Waadhoeke

Hoewol der yn eltse gemeente wol puntsjes fan krityk te finen binne, toant Tjibbe Deinum him tige tefreden mei hoe hy de gearwurking mei de jonge fúzjegemeente ûnderfûn hat. De bruorren hawwe harren earst ek oriïntearre yn ien fan de bedriuwsterreinen yn Ljouwert, mar se binne efterôf tige bliid dat it Marsum wurden is, in perfekte útfalsbasis drekst oan de A31.



Tags: Miljeu, Wurkje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer