Der moat earst noch in ekologysk ûndersyk plakhawwe om te sjen of 't der mosken ûnder de dakpannen sitte of flearmûzen yn ‘e skoarstien! Dit giet riedslid Hans Nauta fan de FNP Waadhoeke te fier. Dêrom hat hy fragen stelt oan it kolleezje fan Boargemaster & Wethâlders. Per slot fan rekken hat de gemeente no de kâns om in rotte kies op te romjen, ea wat se yn harren beliid hawwe.
Yn de riedsgearkomste fan tongersdei 10 febrewaris hat Wethâlder Haarsma oanjûn dat de gemeente de ôfrûne wike amtlik oerliz hân hat om te sjen as se de saak fersnelle kinne of dat der oare dingen barre kinne om it los te krijen. “Ek it kolleezje fynt it wol fier gean. Dêr wêr it kin moatte we der op in ridlike wize mei omgean, mar wy moatte ús wol oan de wet hâlde. Dy is der net om ‘e nocht”, sa seit wethâlder Haarsma. “Der is noch gjin grien ljocht.”