NIJS   10-02-2022


Pitersbierrum: 'de vergeten parel'

De fraksje fan de FNP hat skriftlike fragen stelt oer de oerbleaune jilden út de Maatskkiplike Plus en of dy ek reservearre wurde kinne foar de werynrjochting fan Pitersbierrum.



"Pitersbierrum 'de vergeten parel'" (Gea Iedema)

 

Yn de antwurden fan it kolleezje fan Waadhoeke koenen we ús as fraksje net alhiel yn fine. Dêrom hawwe wy dat stik as in besprekpunt op de wurklist setten litten fan de ried fan 10 febrewaris. Om 't de FNP hjir oandacht foar frege is der ek ynsprutsen yn de riedsgearkomste troch in fertsjinwurdiger út it doarp. Yn it pleit fan Jelle Jan Wissmann waard ek dúdlik dat Pitersbierrum harren it ferjitten doarp field. Riedslid Gea Iedema brocht earder in besite oan it doarp en doe neamde in ynwenner it ek al sa, sels noch wat moaier 'de vergeten parel'.
 
Wy hellen út de beantwurding fan it kolleezje wol dat noch net bekind is wat krekt de oanpak wurde sil foar de oarbleaune middels fan de Maatskippelike Plus. Ofwol, dat de oanpak en de ynset fan beskikbere middels noch neier bepaald wurde sil yn de bestjoerkommisje, nei alle gedachten yn ‘e maitiid fan 2022, op foardracht fan de gemeente Waadhoeke.

It doarp Pietersbierrum freget net folle, mar wol terjochte oandacht foar harren ferjitten kearn. De doarpskearn dy't it tichtst by de 'ellende' siet. Mar net meidocht yn de doarpsfernijing. Sy hawwe net meitelt as it gie om de doarpsfernijingen. En de FNP fynt dat se in punt hawwe! Yn de riedsgearkomste hoopten wy op in tasizzing fan de portefúljehâlder dat, no ‘t der aanst gjin swier lânbouferkear mear troch de buorren hoecht, en ek de bus en it bushokje ferdwine sille (provinsje), dat der dan ek oanpassing yn it doarp plakfine sille!

Iedema: "Meitsje in plan mei it doarp foar de werynrjochting en meitsje it goed mei it doarp dat de sâltwinning, de boartoren net allinnich seach yn harren achtertún, mar ek it boarjen hearde en de trillingen fielde. Brûk de beskikbere middels wêr’t it foar bedoeld is en gean mei dy ynstek de bestjoerskommisje yn it foarjier yn – de kommisje stiet der neffens lûden yn de ‘wandelgangen’ net ûnwillend tsjinoer. Lit de ynwenners sjen, hearre en fiele dat Pitersbierrum der ek (!) ta docht yn Waadhoeke. It sâlt litte we no sitte, mar it doarp Pitersbierrum dochs net wol? Want dat is wol in bytsje wat ik priuwde tidens myn besite… "
 
Dêrom hawwe wy de oprop dien om se it gefoel werom te jaan dat ek sy der ta dogge, dat ek de leefberens yn dit doarp wichtich is lykas yn alle ‘unyke’ doarpen dy’t Waadhoeke hat!

De portefúljehâlder fan it kolleezje hat yn de riedsgearkomste oanjûn dat der takomwike al in petear plakfine sil mei Doarpsbelang Seisbierrum-Pitersbierrum. Derneist waard ek dúdlik makke dat der foar Seisbierrum en Pitersbierrum in bedrach beskikber is fan dik 3 ton. Gea Iedema hat dêrop noch reagearre en spesyfyk freegje om it doarp Pietersbierrum apart oandacht te jaan en harren winsken foarrang te jaan. Dat waard tasein.
 
 
 
Plaknammeboerd Pitersbierrum Pitersbierrum te sjen fano 770;f Boartoren Winlokaasje Barradeel
 

 



Downloads:
Beantwurding riedsfragen FNP brief pitersbierrumseisbierrum.pdf


Tags: Gas- en saltboarings

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer