NIJS   05-02-2022


FNP-program: Patriis moat werom oan Fryske Waadkust

Troch fierder yn te setten op agrarysk natoer- en lânskipsbehear wol FNP Waadhoeke dat net allinnich de ljippen en skriezen behâlden wurde, mar dat sels de patriis werom komt. Dit is opnaam yn it ferkiezingsprogram. Listlûkker Bert Vollema: “Wy sette yn op gearwurking tusken boeren, provinsje en Waadhoeke. De FNP hat al in soad dien oan bioferskaat, mar wy sette yn op it weromkommen fan dizze fûgel op ús ikkers.” Op de ledegearkomste yn Hitsum waard wethâlder Jan Dijkstra oanwiisd as kandidaat-wethâlder.



"De patriis is in symboal foar in sûn lânskip" (Listlûker Bert Vollema)

Thús as tema
It FNP-program is mei ta stân kaam troch petearen mei ynwenners fan Waadhoeke. De partij is dêr al mear as in jier mei dwaande. Ynwenners binne yn de regel hiel tefreden en wenje noflik yn ús gemeente. Mar hieltyd faker wolle ek minsken fan bûten de provinsje hjir graach wenje. Wa’t him hjir thús fielt moat ek in plak ha om te wenjen. Dat is op it stuit lang net foar elts weilein en dat moat oars. De FNP jout yn in oanfalsplan wenjen rjochting oan dy problemen. Tocht wurdt oan stipe foar jonge starters, mar ek foarrang foar minsken mei in sjosjaalekonomyske bining en better bouwe foar doelgroepen.
 
It lânskip is ús goud
Bynammen it lânskip en de romte wurdt wurdearre. Fanút dy wurdearring wolle we tinke, mei de lânskipsbiografie fan Waadhoeke as basis. No fierder trochpakke, lykas mei it agrarysk natoer- en lânskipsbehear, it ekologysk bermbehear en it bioferskaat. Vollema: “Sa is de patriis in symboal foar in sûn lânskip mei in sûne grûn en ferskate diersoarten. It bist heart hjir thús.

Romte foar eigenheid, romte foar de eigen taal en kultuer
Foar de FNP is it wichtich dat wy frij binne yn it brûken fan ús talen. Elts is útnoege fan dy rykdom gebrûk te meitsjen. We ha in sterk kultureel oanbod dat wy as FNP rom stypje, foar elts is der wat, foar amateurs en professionals. Sa hâldt de Koornbeurs syn rol yn it kulturele fjild, yn ferbining mei de doarpshúzen, yn hiel Waadhoeke. Kultuer is de smaroalje fan it libben. Dat jildt ek foar sport: elts moat der op ien of oarewize oan meidwaan kinne.

Betrouwen yn de polityk ferbetterje
De FNP wol as fertroude lokale partij tichteby de minsken, it betrouwen yn de polityk ferbetterje. Gjin maklike tassizzings, mar útgongspunten as rjochting. As guon dingen net kinne, dan is dat ek dúdlik. Kandidaat-wethâlder Jan Dijkstra: “Ik ha der hiel bot sin oan om mei dizze prachtige ploech fierder te bouwen  oan Waadhoeke, neffens de rjochting dy’t wy ynsetten ha.”



Tags: Bioferskaat, Ferkiezings

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer