NIJS   29-01-2022


Thús yn Seisbierrum: Djorike Palma

Djorike Palma lit op Facebook witte dat se noch wol wat fragen hat bij in enerzjylânskip by har doarp Seisbierrum. Moaie reden foar Gea en Jan om har út te nûgjen om dêr wat mear oer te hearren.



"Soargje dat boargerpartisipaasje ynhâld hat." (Djorike Palma)

Djorike wennet yn Seisbjirrum mei Harke. Se is foarsitter west fan doarpsbelang Seisbierrum-Pitersbierrum en die dêrneist in tal bestjoersfunksjes. Se wurket as adviseur by VeiligheidNL, yn Amsterdam, wêr’t se har foaral dwaande hâld mei de ‘interventiekant ferkearsfeilichheid’. Dat betsjut dat se advizen jout oan oerheden, hoe om te gean mei bepaalde situaasjes en dy te ferbetterjen. Boeiend wurk. Djorike hat op it stuit wol muoite mei it allinnich thús wurkjen... mar it is net oars. De Fryske taal is mislearre, mem spruts Stedsfrysk, heit wie seedykster... draaide út op hollânsk... mar praat se soms foarsichtich Frysk yn fertroude romte.

 

Wat makket dat dyn doarp dyn thús is?

Nei har stúdzje woe Djorike net by de heech oplieden hearre dy fuort geane. Dat soarge der wol foar dat se lang sykje moast nei in baan dy’t bij har past, mar “ik wol net dat it hjir leech rint”. Se reizget der no foar en fynt dat prima. Se is eins gewoan in doarpsminske en fielt har thús yn Seisbjirrum mei sicht op de seedyk. Dêrby de rêst, de famylje en de romte.

 

Wat soe der de kommende fiif jier barre moatte?

It MFA moat der no ek komme, de wurkgroep kin der no wol in klap op jaan, al is der noch in beheind tekoart. Alle aktiviteiten om it nije doarpshûs hinne ha it doarp no al tige goed dien. It hat ek dúdlik makke dat in protte minsken ferlet ha fan kontakt en meidwaan. Se wolle graach ynpland wurde foar aktiviteiten. Op it Aeolusterrein kin men los mei de nijbouplannen. It projekt ‘Waddenglas’ moat no ris dúdlikheid oer wêze, wol of gjin nije kassen! Djorike hopet wol dat it doarp alle grutte mooglike feroarings bij hâlde kin. Der kin in protte feroarje en dat soe foaral lokale wurkgelegenheid opleverje moatte. Ek hopet se dat alle ynbring út de mienskip, fan ûnderop, ek hannen en fuotten kriget en gjin lege wurden wurde. Se tinkt hjirby oan in plan fan ferkearsferbetteringen, makke troch minsken út it doarp en de reaksje dêr op. Dat moat better.

 

Wat wurdt echt mist?

"Mis eins net safolle. Bin in tefreden mins. Klaai it doarp ris wat moaier grien oan. Ek sa moai as bij de Martinitsjerke yn Frjentsjer." Djorike sjocht wol grut ferskil tusken gemeente Frjentsjeradiel en Waadhoeke, it is better wurden, seker yn it grienûnderhâld. Se soe ek wol pluktúnen ha wolle.

 

Hast in oprop oan de polityk?

Soargje dat boargerpartisipaasje ynhâld hat. Doch dat net allinnich mei de standert minsken. Der binne mear minsken mei ideeën, mar dy komme der net maklik mei. Soe foaral yn lytse setting moatte. It is al gau te grut foar minsken.

 

Sinnepanielen op dakken soe foldwaande wêze moatte. It doarp soe it net út de krante helje moatte dat der in enerzjylânskip komt. Freget noch in protte útlis. Berik minsken troch gewoan by harren aktiviteiten oan te sluten. En brûk ek de sosjale media.

 

Tank Djorike foar dyn iepene petear….oer it enerzjylânskip ha we it wis noch.

 



Tags: Polityk Bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer