NIJS   27-01-2022


Gemeente Waadhoeke fjouwerkant efter (berne)hertsintrum UMCG

Neist Provinsjale Steaten fan Fryslân hat ek de Gemeenteried fan Waadhoeke stelling ynnommen ta behâld fan it (berne) hertsintrum fan it UMCG yn Grins. De folksfertsjintwurdigers stjoere it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders op 'n paad.



"Beskikberens fan essinsjele soarch yn de regio " (Bert Vollema)

Foto's: FNP Fryslân

 

Hiel Fryslân fiert solidêr mei Grinslân, Drinte, en Oerisel bestjoerlik de druk op om de sintralisaasje fan hertsintra yn de Rânestêd fan tafel te krijen. Sy oerwaagje dat it kabinet en har adviseurs him by de plannen foar sintralisaasje yn Rotterdam en Utert benammen basearret op arguminten op it mêd fan effisjinsje, doelmjittigens, finansjele kosten en soarchkwaliteit. Derneist binne we fan betinken dat it perspektyf fan de (jonge) pasjinten en harren âlders like swier meiwaagje moat. De berikberens en beskikberens fan essinsjele soarch yn de regio en de regionale sprieding lykje net te tellen yn de plannen; wat binne eins de maatskiplike kosten fan soks?

 

Bygelyks de Fryske Steaten wize der op dat mei it ferdwinen fan de berne- en komplekse hertsjirugy net allinnich essensjele hertsoarch út it Noarden ferdwynt, mar dat it ek in gat slacht yn de multidissiplinêre soarchferliening fan it sikehûs. Nei de hertsjirurgy driigje ek oare ôfdielingen op termyn te ferdwinen. 

 

Foar de bern en harren âlders is it ûndergean fan it operaasje en alle saken dy't der by komme, ûndersiken, kontrôles en neisoarch mei sa'n lange reistiid in enoarme belesting. Boppe-op alle soargen dy't hja dochs al hawwe. Der is in analyze makke. Dêrút docht bliken dat de berikberens foar de doelgroep hertpasjinten yn it Noarden slim ûnderstek dien wurdt. Mei in striel fan 100 km om elts spesjalisearre akademysk sikehûs wurdt in grut part fan Nederlân yn de plannen net langer betsjinne mei in akseptabele reisôfstân. 

 

FNP Waadhoeke tsjinne dêrom tongersdei 27 jannewaris in moasje yn dy't unanym stipe is. Yn it diktum is it kolleezje fan boargemaster en wethhâlders fersocht:

  • Om ek op bestjoerlik nivo, yn oparbeidzjen mei UMCG, de bestjoerlike partners yn Noard-Nederlân en oare belutsenen, rjochting it Regear en 2e en 1e keamer alle war te dwaan foar it behâld fan it sintrum foar bernehertsjirurgy fan it UMCG yn Grins;
  • Om de ried op'e hichte te hâlden fan de fuortgong.
De komplete tekst fan de moasje hinget hjirûnder yn de bylage.
 


Downloads:
B. vollema FNP moasje umcg versie 2-2712022.docx.pdf


Tags: Soarch yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer