NIJS   06-01-2022


Thús yn Deinum: Kor van der Meer

Midden yn desimber 2021 binne Jan en Gea op besite by Kor van der Meer op syn kantoar yn Ljouwert. Oanlieding wie in ynspirearjend artikel yn de LC. Kor hat mei syn kompanjon Mark Lettinga helpferlienings bedriuw "Clean Verslavingszorg" foar minsken mei ferslavingsproblemen.



"Previnsje is wichticht om ellende foar te kommen" (Kor van der Meer )

Sels ha beide soarchûndernimmers te krijen hân mei ferslaving, dy't harren libben yn de macht hie. Kor neamt dy perioade ‘de ellende'. Yn it artikel wiist Kor benammen op it gefaar fan gokken, no't de rigels dêromtrint just feromme binne, foar him ûnbegryplik. Om oan te jaan hoe gefaarlik it is, seit hy dat de jongste kliïnt bij "Clean Verslavingszorg" trettjin jier is. Kliïnten komme ek út Waadhoeke, wêr't de gearwurking mei it gebiedsteam goed is neffens Kor.

Wat makket Waadhoeke dyn thús?
Kor wennet yn Deinum, is dêr hikke en tein. Syn heit en mem en ek syn suster wenje dêr. Nou as dat gjin Deinumers binne. Foar Kor is thús ‘zen'. Elts kin elkoar ...hoewol benammen sûnt it nijbouplan is dat net mear it gefal. Lykwols nei in folle dei wurkjen is it echt thúskommen yn syn hûs yn Deinum. Hy is iepen oer syn ferline ek yn it doarp, wêr't men syn skiednis kin. Yn de wykeins is Kor faak by syn freondinne yn de rânestêd. It wie har hjir te stil...al wurdearre se de lytsskalige skoalle foar har dochter tige.

Wat soe der de kommende jierren barre moatte?
Kor syn earste reaksje is:"neat, it moat bliuwe sa as it is". As we wat trochfreegje en ek it lânskip neame, dan is Kor helder. Gjin sinneparken sa as by Ljouwert. En ek gjin wynmûnen, dy fynt hy ferskriklik. Op de fraach hoe as we it enerzjyfraachstik dan wol oplosse moatte, prakkesearret Kor nei en seit dan dat hy tinkt dat we dat net kinne.

Wat wurdt echt mist?
Neat neffens Kor. Deinum hat alles, in protte moaie dingen. Tink oan it sportkompleks en de nijbou. Dêryn is hy tige wiis mei de kadewenten, in streekje oan it wetter. De Heak om Ljouwert is in hiele goeie set west. Deinum is der rêstiger fan wurden. Dat komt benammen omt de dyk fierder fuort is en de brêge der net mear is. It omriden wat no moat is men gau oan went en it is mar minuut ferskil.

Hawwe jo in oprop foar de polityk?
Ynfestearje yn de jeugdsoarch, benammen previnsje is wichtich. Benammen op it mêd fan ferslaving is it fan grut belang problemen foar te wêzen. Bern soene al op de legere skoalle leare moatte om te gean mei ferslavende middels en gewoantes. Doe't Kor syn ferhaal die op skoallen, wie de impakt altyd grut as hy oer syn ‘ellende' fertelde.

Tige tank Kor foar dyn iepene ferhaal.

Tags: Jongerein, Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer