NIJS   18-12-2021


Bert Vollema út Tsjom listlûker FNP Waadhoeke fan in fernijde list

Biologysk molkfeehâlder Bert Vollema wurdt FNP-listlûker foar de gemeenteriedsferkiezingen yn Waadhoeke maart 2022.

"In fernijende en ambisjeuse list" (Sijbe Knol)

De FNP-leden stemden dêr sneon 18 desimber mei yn op de ledegearkomste yn Easterbierrum. Bert Vollema: "Dit jout in protte enerzjy dy't we brûke sille foar de ynwenners fan Waadhoeke, we hawwe der sin oan!"

 

"Bert is troch ús kommisje nei foarren kaam en it bestjoer hat dat unanym oernaam. Derneist hat FNP Waadhoeke in fernijende en ambisjeuse list'' seit Sijbe Knol, foarsitter fan de listkommisje yn Waadhoeke.

 

Thús yn Waadhoeke
Bert Vollema: "Ek ús konsept program is besprutsen. Wy sette yn op it thús gefoel yn Waadhoeke. Foar ús is de mienskip it goud. Mar wy gean fierder, dat wy sette noch mear yn op ús lânskip, de kultuer en in wenjen en wurkjen. Ek foar nije ynwenners. Mar wy wolle hoeden omgean mei de wearden fan it plattelân."

 

Midden yn de mienskip
Vollema wie riedslid yn Frjentsjerteradiel en kaam yn 2019 tuskentiids yn de gemeenterie fan Waadhoeke en waard doe ek fraksjefoarsitter. Op it twadde plak komt mei Dieke van der Pol in nij gesicht op de list. Dieke wennet yn Frjentsjer en nei in stúdzje yn Wageningen werom yn Fryslân, wêr't har hert leit. Klaas Nieuwhof fan Berltsum (accountmanager) en lid fan doarpsbelang sil it tredde plak op de list ynnimme. Op it fjirde plak stiet Paul de Cock fan Easterbierrum, eigner fan in kommunikaasjeburo en in man fan de mienskip.

 

Biltkers op de list
De nûmer fiif is Dirk Jan de Jong fan Sint Anne. Bekend fan de Bildtse Post en drukkerij ‘Van Leer en de Jong'. Op seis stiet ‘Bilkert-om-ferens' Doeke de Jong (adviseur/projektlieder Weg en Waterbouw), tsjinwurdich aktyf yn doarpsbelang Bitgummole en belutsen by tal fan oare aktiviteiten yn de mienskip. Op sân fine jo sittend en teffens kandidaat-wethâlder Jan Dijkstra fan Hitsum werom. Plak acht sil ynnaam wurde troch sittend riedslid Hans Nauta fan Hitsum. Op njoggen stiet Japke van Groning (projektlieder kennissintrum Feadship) út Frjentsjer en op tsien Jurjen Politiek (ûnderwizer) fan Frjentsjer (tydlik Grins). Ofdielingsfoarsitter Sietze de Haan: ‘'Wy binne tige optein mei ús top tsien. Stik foar stik minsken dy't út it goede hout snien binne. Minsken werfoar Waadhoeke har thús is''.

In baas list
De farske listlûker Bert Vollema sprekt fan ‘'in baas list! Net allinich de top fan de list mei der wêze. Wy binne ek tige bliid mei ús beide listtriuwers.'' Op plak 20 stiet âld-keatser, sportdosint en sportferslachjouwer Pieter van Althuis fan Deinum. De list wurdt op plak 21 ôfsluten mei herbergier Douwe Gerlof Heeringa fan de Westhoek. De list en it ferkiezingsprogramma sille de kommende tiid fierder presintearre wurde.

 

De earste tsien op de FNP-list:
1. Bert Vollema (Tsjom)
2. Dieke van der Pol (Frjentsjer)
3. Klaas Nieuwhof (Berltsum)
4. Paul de Cock (Easterbierrum)
5. Dirk Jan de Jong (Sint Anne)
6. Doeke de Jong (Bitgummole)
7. Jan Dijkstra (Hitsum)                                                                                              
8. Hans Nauta (Hitsum)

9. Japke van Groning (Frjentsjer)

10. Jurjen Politiek (Grins)

 

FNP Waadhoeke foto earste 10 kandidaten

Foto earste 10 kandidaten makke troch Piet Douma.

 

Op 'e foargrûn flnr: Jan Dijkstra, Japke van Groning, Doeke de Jong, Jurjen Politiek

Efter flnr: Hans Nauta, Dirk Jan de Jong, Klaas Nieuwhof, Bert Vollema, Paul de Cock.

Yn de ynset, Dieke van der Pol, foar stúdzjereis yn Spanje.

 

 



Tags: Ferkiezings

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer