NIJS   23-12-2021


Thús yn Deinum: Broodfonds Sipelfonds

Begjin desimber wiene wy op wurkbesite by it Broodfonds Sipelfonds yn Deinum.



"Prosedueres moatte rapper" (Frank Berkenpas, Ingrid Stinstra en Lidia Meerman)

 

Wy waarden hertlik ûntfongen troch de leden fan it bestjoer, t.w. Frank Berkenpas, Ingrid Stinstra en Lidia Meerman. It wie in tige learsume gearkomste foar ús.

It fûns is in kollektive foarsjenning foar ûnfermogen om te wurkjen foar minsken dy't eigen baas binne. It breafûns is betelber, lytsskalich en trochsichtich.  It is wol wichtich dat de dielnimmers inoar fertrouwe. Alle moanen sette de dielnimmers oan it breafûns in foarôf ôfsprutsen bedrach oan de kant. By sykte langer dan in moanne kryt de sike fan alle dielnimmers in lytse donaasje.

Mei-inoar meitsje dy lytse donaasjes it bedrach út dêr't de sike foar ynskreaun hat. De maksimale útkearingsperoade is twa jier. Alle breafûnsen stipe elkoar as der in tydlik tekoart ûntstiet omdat der relatyf in soad siken binne by it fûns.

De útkearing - ôfhinklik fan de bydrage - is maksimaal € 2500.

 

Wat makket Waadhoeke jim thús ?

De 3 bestjoersleden wenje alle 3 yn Deinum. It is hearlik wenjen yn Deinum. Ticht by de stêd mar wol de wille fan it wenjen yn in doarp. Ek de jongerein wolle graach yn it doarp wenjen bliuwe.

 

Wat soe der de kommende jierren barre moatte ?

Der is in grut wenningtekoart. De jeugd kin gjin wenning krye. Dêrom is der in trek nei de stêd.

Deinum hat yn elts gefal noch 10 wenningen. Dit moat gau oppakt wurde!

 

Wat wurdt echt mist ?

Der wurdt net echt wat mist. It tal bern op de legere skoalle nimt sels ta.

It behâld fan de doarpswinkel is lykwols in boarne fan soarch.

Der is grut ferlet fan oanlisplakken foar boaten. Der is in wachtlist fan 23 persoanen.

 

Hawwe jim in oprop oan de polityk ?

Prosedueres moatte rapper. De ferliening fan fergunnings duorret fiersten te lang.

Boppedat binne guon amtners dreech te berikken. Dat moat better is de gjalp dy út de herten fan de bestjoersleden komt.

 

 

Ekstra foto: Sipel op 'e toer is makke troch Bennert Beeksma.

Ekstra foto: Lânskip tusken Ljouwert en Deinum troch Gea Iedema.

Beide tank!



Tags: Wurkje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer