NIJS   28-11-2021


Thús yn Frjentsjer: Gea Smits

Op in grize novimbermoarn belje Bert en Bram oan by Gea Smits. Ferslach fan in hertferwaarmjend petear. "Mei passy en fanút it hert."



"Bliuw nei de minsken sjen" (Thús yn Frjentsjer: Gea Smits)

Gea Smits wennet mei har man en trije bern yn it prachtige Dekemahûs oan it Breedplak yn Frjentsjer. Se runt dêr in sfearfolle B&B, omdat se no ienkear graach mei minsken om giet. Tagelyk is se koördinator fan de Weekendschool yn Frjentsjer. Dizze skoalle is foar bern fan de groepen 7 en 8, dy't wol in setsje yn de rêch brûke kinne. De bern komme yn yn'e kunde mei allerhande beroppen en praktyske saken en dêr krije se foaral mear selsbetrouwen fan.

 

Wat makket Frjentsjer dyn thús?

Gea is berne yn in doarpke yn Noardeast Fryslân, is yn Dokkum nei skoalle gien en yn har libben wol 18 kear ferhuze. Dat hie foaral te krijen mei it wurk fan har man dy't piloat is. Fjirtjin jier lyn fûnen se in moai hûs yn in nijbouwyk yn Frjentsjer, in oere riden nei Schiphol. It wie foaral de iepen sfear en de tagonglikens fan de minsken dy't har trof. Frjentsjer is in moai stedsje mei in doarpsgefoel. "De minsken en de bedriuwen wolle wat foar elkoar betsjutte en dêr fiel ik my goed by thús."

As foarsitter fan de KWF yn Frjentsjer waard se frege om in edysje fan "Samenloop voor Hoop" te organisearjen. Dat hat se twa kear dien. It wie lykas Pipi Langkous seit: Ik heb het nog nooit gedaan, dus ik denk dat ik het wel kan. "Ik learde der sels in protte fan, mar it wie foaral oerweldigjend hoefolle stipe at wy rûnom wei krigen en hoefolle minsken harren ynsette woene om sa'n dei slagje te litten."


Wat soe der de kommende fiif jier barre moatte?

Gea wurke ek by de Stichting Present Noordwest Friesland . Dy set har yn foar minsken dy't te krijen hat mei earmoede, sûnensproblemen of yn in sosjaal isolement libje. Gea regele hjirby de fraach fan kliïnten en it oanbod fan frijwilligers. "Ik skamme my der wolris foar wat ik by guon minsken efter de foardear seach." It is ús plicht om ús foar dizze minsken yn te setten en harren, al is it mar foar in dei, út dat isolement te heljen.

Troch har kennis en kunde yn te setten foar organisaasjes fan goede doelen krijt se ek wer nije enerzjy. Sa reizge se okkerjiers ek nei Lesbos om har yn te setten foar de flechtelingen dy't dêr manmachtich oankamen. Dat se ek wolris tefolle hea op de foarke nimt, die bliken doe't se in tiidlang in "moeilijk" pleechbern yn'e hûs hienen. Dat koe se op in gegeven moment net mear oan en moasten se ôfskie nimme.

It is fan grut belang dat wy de noeden fan de minsken sjogge en dêr mei syn allen wat oan dwaan wolle. Dat jildt ek foar de gemeente Waadhoeke. Tink om de swakkeren, bliuw nei de minsken sjen en stypje (ek finansjeel) de organisaasjes en frijwilligers dy't ús mienskip byinoar hâlde.

 

Wat wurdt der echt mist?

Frjentsjer hat fiersten te min oernachtingsmooglikheden foar toeristen. Der soe in hotel by moatte of mear B&B's. Dat kin de gemeente net regelje, mar faaks wol stimulearje. Fierder ha wy in moai terras foar de doar, mar dêr soene noch wol in pear by kinne. Yn de binnenstêd en ek by de grutte iepenbiere parkearplakken misse wy elektrise oplaadstasjons. Wy moatte meigean yn de tiid. Dat jildt ek foar de ferduorsuming fan de huzen yn de binnenstêd. Fansels is it beskerme stedsgesicht fan grut belang, mar sjoch wat wol kin en lit je net beheine troch ûnnutte rigels.

 

Hast in oprop oan de polityk?

At ik jûns nei de praatprogramma's op televyzje sjoch dan treft my faak de polarisaasje en it individualisme. Dat help de wrâld net foarút. Elke frijheid hat syn grinzen, ek yn wat wy sizze kinne en meie. Dat jildt ek foar polityk Den Haach. Bliuw nei de minsken sjen en wês dúdlik yn wat wol en net kin.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer