NIJS   02-12-2021


Thús yn Frjentsjer: de BamBoe

Op 1 novimber wiene wy op wurkbesite by de BamBoe, it Sintrum foar maatskiplike stipe en partisipaasje. De BamBoe jout sûnenssoarch de kliïnt sintraal stiet.



"Der is ferlet fan chill-plakken foar jongerein" (Jelte Krikke en Perry van Zon)

Sy binne saakkundich op it mêd fan (orto)pedagogyske en psychososjale bystân. Der is in ferskaat oan terapy mooglik. It wie hiel moai om te sjen hoe entûsjast de twa oprjochters fan de BamBoe, Jelte Krikke en Perry van Zon, binne. Sy stean hiel ticht by hun kliïnten en dogge dat op in hiel praktyske wiis. It is echt maatwurk wat sy oanbiede. Dat kin troch op wurkrjochte aktiviteiten yn in echte wurkomjouwing. Ek binne der mooglikheden om yn de winkel te wurkjen om sa de sosjale feardichheden te fergrutsjen. Yn de winkel wurde u.o. produkten ferkocht dy yn de wurkpleats makke binne.

Wat makket Waadhoeke jim thús?
Jelte is hikke en tein yn Frjentsjer. Hy kin in protte minsken yn Frjentsjer. Perry wennet as "ymport" al hiel wat jierren oan de râne fan de gemeente Waadhoeke. Hy fielt him hjir thús. It wie in bewuste kar om harren bedriuw yn Frjentsjer te fêstigjen. Sintraal yn de Waadhoeke. Maklik tagonklik en sichtber op in A lokaasje.

Wat soe der de kommende jierren barre moatte?
De linen om kliïnten behannelje te kinnen, moatte koarter wurde. It trajekt om help te jaan is faaks te lang. Boppedat wurdt de spesjalistyske jeugdsoarch ynkocht troch it Sosjaal Domein Fryslân. Lytse soarchferlieners krije sadwaande minder kânsen by it binnenheljen fan kontrakten.

Wat wurdt echt mist?
It is hiel wichtich dat der "chill-plakken" foar de jongerein komme. Dêr is ferlet fan. De jeugd wol graach ûnder elkoar wêze. As it goed oppakt wurdt, sil der minder jeugdsoarch nedich wêze.

Hawwe jim in oprop oan de polityk?
De ynkeap (oanbestegings) fan de soarch/help fan de jongerein moat oars.  Mooglik moat it Sosjaal Domein Fryslân der tusken út. Yn elts gefal moat der flugger help oanbean wurde en moatte ek de lytsere organisaasjes de mooglikheid krije om yn te skriuwen op trajekten.

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer