NIJS   20-11-2021


Thús yn Frjentsjer: Nico van der Woude en Robert-Jan Bangma

Begjin oktober binne Hans Nauta en Gea Iedema te gast by Nico van der Woude en Robert-Jan Bangma. Sy hawwe ús útnoege foar in petear. Eins is dat wol ien fan de moaiste taken yn jin rol as riedslid. Harkje nei bewenners en wat harren dwaande hâldt.



"Ha each foar leefberens en feiligens" (Nico van der Woude en Robert-Jan Bangma)

As sy harren ferhaal hielendal dien hawwe en dúdlik makke ha wat sy fan ús ferwachtsj is der ek noch efkes tiid om harren in pear fragen te stellen oer Frjentsjer, harren leefomjouwing.

 

Wat makket Frjentsjer dyn thús?

‘It is hjir prachtich wenjen', sa seit Nico. ‘It projekt Waddenpoort is in moaie tafoeging foar  bewenners en de stêd. De boatjes dy't hjir simmerdeis manmachtich lizze oan de kade en bolwurken, is in moai gesicht.' Nico is hjir hikke en tein, hat dus gjin fergelyk. ‘Frjentsjer hat alles, in protte fasiliteiten en moaie eveneminten, bygelyks Hjoed yn it Park of gewoan sa'n podium op sneon yn ‘e sted'. Robert-Jan kin wol fergelykje. Hy komt fan bûten Fryslân, hat earder yn in doarp yn Oerisel wenne en op Tessel, mar is om syn frou, en dus foar de leafde, hjir yn Frjentsjer wenjen kaam. Beide mannen fiele harren net allinnich thús yn Frjentsjer mar ek yn Waadhoeke. De ien mei graach útwaaie op Swarte Haan, de oar hat krekt in nije fytsroute ûntdekt nei Tsummearum. Se folje inoar dernei oan oer it fytsen bûtendyks; mei it pontsje oer; en joue oan dat soks ek prachtich is foar de lytse bern dy't se beide hawwe. Ek neame se de tún om de Martinitsjerke ‘in oanwinst', en binne bliid mei de Akademie fan Frjentsjer en it Keninklik Eise Eisinga Planetarium.

 

Wat soe der de kommende fiif jier barre moatte?

Neffens Nico moat it swimbad behalden wurde foar de stêd Frjentsjer. It hoecht net ien mei in wildwetterbaan te wêzen, mar it swimmen foar doelgroepen fynt hy wichtich, sa ek it leswimmen foar bern.

Robert-Jan fynt dat it sintrium foar syn gefoel yn twaën splits wurdt troch it plein by de tsjerke. "Ik mis de verbinding, je kan niet echt doorlopen". Foar Hans en Gea wie dat de twadde kear yn koarte tiid dat se dit fanút in jonge Heit hearden.

 

Wat wurdt echt mist?

Dêr moatte beide mannen efkes oer neitinke. Want sa sizze se beide, ‘we hoege ek net alles'. Mar dan dochs, komt der wat boppe driuwen: terrassen! Dat de Horeca troch koroana meer romte krigen hat foar terrassen, mei om harren wol sa bliuwe!

 

Hast in oprop oan de polityk?

Ha each foar de leefberens en feiligens rûnom it ‘Oud Kaatsveld'. Dat is wat ús echt dwaande hâldt. Se hawwe dêrom in sjochwize yntsjinne op de ‘mobyliteitsfisy' en rekkenje derop dat de gemeente hjir omtinken foar hat. Harren sjochwize wurdt yn novimber 2021 iepenbier makke.

 

---

 

Hans Nauta hat út namme fan de FNP 13 novimber skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan B&W oangeande de ferkearssituaasje Waadhoeke "Oud Kaatsveld" Frjentsjer (sjoch bylage).

 

"De ferkearsproblematyk nimt dêr hieltyd gruttere foarmen oan. It krúspunt is foar alle ferkearsdielnimmers ûndúdlik en gefaarlik. By de werynrjochting fan it Ald Kaatsveld wie de yntinsje om it frachtferkear te kearen. Yn de praktyk is der lykwols neat feroare. Ek wurdt der net hânhavene. Dit soarget der mei foar dat it Ald Kaatsveld in gefaarlike krusing is. It kin net sa wêze dat it belang fan de bedriuwen op 'e yndustryterreinen en Súd East, mei it dêrby hearrende frachtferkear fan grutter belang is dan de feilichheid fan de swakkere ferkearsdielnimmers. Neffens de mobiliteitsfisy soe frachtferkear op de Rûnwei of mei frij lizzende fiets- en kuierpaden brocht wurde moatte."

 

De FNP fynt dat it tiid wurdt dat der in oplossing komt en hat, nei in presintaasje fan bewenners dy't in sjochwize yntsjinne hawwe op de mobiliteitsfisy, dêrom skriftlike fragen steld oan it kolleezje. Ferskate media ha it dernei oppakt:

 

 



Downloads:
13112021 FNP skriftlike fragen oud kaatsveld ferkearssituaasje franeker.pdf


Tags: Ferfier yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer