NIJS   15-11-2021


Thús yn Frjentsjer: Bram en Rinnie de Groot

Jan Dijkstra en Dieke vd Pol bin by Bram en Rinnie de Groot yn Frjentsjer lâns west, yn de karakteristike Dr. Jelle Bangastrjitte. Bram en Rinnie binne beide hikke en tein yn Frjentsjer. We hore dat heel mooi in ’t gebrúk fan it Franekers, ôns mooie stadstaal.



"In bytsje mear oandacht foar inoar" (Bram en Rinnie de Groot)

Rinnie komt fan ‘t Noord en Bram út de Willem Koningsstraat. Rinnie har âlders hiene in saak op ‘e Groenmarkt neamt Viola en letter hat sy mei har sus in boetiek hân mei deselde namme. Dernei hat se by ferskate bedriuwen wurke yn ‘e stêd en koartlyn is sy begûn by Marten´s Fish. Eartiids siet yn it gebou fan de fisksaak op ‘e Foarstrjitte: Sijbesma Transport. Bram syn heit wie de skoansoan fan de oprjochter (Jan Sijbesma) fan dit bedriuw. Bram wurket alwer 47 jier by Huhtamaki as underhâldsmonteur.

 

Se bin dus echte Franekers. Tegearre sette sy harren yn foar de minsken en yn't bysûnder foar bern mei schisis (hazzemûle) op Bali. Se ha dêr in stifting opsetten “Project Namaste” en ha mei help fan stipers no al san 200 bern holpen. It begûn lyts en bytsje by bytsje ha se spullen en jild der hinne brocht. Sadwaande koene se hieltyd mear minsken helpe. Uteinlik is der sels in gebou delsetten wêr't de bern herstelle kinne fan de operaasje(s).

 

Wat makket Waadhoeke jim thus?

Foaral Frjentsjer makket de Waadhoeke harren thús. Sy wenje net foar neat al 41 jier yn it selde hûs yn de dr. Jelle Bangastrjitte. Dêrby hat Frjentsjer in soad foarsjenningen moai by de hân.

 

Wat soe der de kommende 5 jier barre moatte?

Al in tiidsje binne der yn harren buert problemen rûnom ferkear. Sa wurdt der betiden fierstente hurd rieden troch de smelle strjitte en steane der auto’s ûnhandich parkeard. Dit kin foar gefaarlike situaasjes soargje as ek bygelyks de brânwacht der lâns moat, sa kin Bram nei eigen ynsjoch sizze, want hy hat mear as 25 jier by de brânwacht sitten. Rinnie neamt de iensumens yn de stêd as in grut probleem. Dit komt ûnder oare troch koroana. Dêr soe in manier komme moatte om minsken dy’t iensum binne mear op te fleurjen. "In bytsje mear oandacht foar inoar en wat minder digitaal".

 

Wat wurd echt mist?

Rinnie fynt it sonde dat der in soad winkels slute moatte troch de online konkurrinsje. Dit soe miskien ferholpen wurde kinne mei legere hierprizen of eat fan in subsydzjestelsel. Der moat foar soarge wurde dat ûndernimmers wer mear doarre. Alles wurdt djoerder en dat soarget foar behindering. De hoareka moat ek holpen wurde en de mooglikheid krije om him te ûntjaan. Fjirder misse se net echt wat.

 

Hawwe jo in oprop oan de polityk?

“Wees gewoan earlik en geen gelul”. Dat is in dúdlike boadskip oan de polityk. Dêrneist bin der ek tefolle regels en dêrtroch duorret it allegearre te lang. Ek bin der tefolle ferkearsbuorden en soene der wol guons fuorthelle wurde kinne.



Tags: Soarch yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer