NIJS   10-11-2021


Thús yn Ouwe Syl: De Schuilschuur

Grinzjend oan de bougrûn dêr’t krekt it gewaaks fanôf helle is, skûlet efter in wenhús oan de feart fan Ouwe Syl in âlde skuorre. De earste hjerstblêden lizze al op it hiem as Bert en Hessel in besite bringe oan De Schuilschuur.



"Op insosjale wize minsken ta help wêze" (Neeltje van den Brand)

In inisjatyf fan Neeltje van den Brand, dy’t de âldskuorre hiel wat jierren ferlyn ferboud hat ta in duorsum wenstee en de grutte romte dy’t se oer hie, brûkt, net foar harsels, mar foar froulju dy’t tydlik in wenplak nedich hawwe, om’t hja sûnder eigen ûnderdak sitte. De skuorre jout betelber ûnderdak; elk betellet wat hja misse kin. En dán kin men ta rêst komme. De skuorre biedt plak oan twa apparteminten mei elk in sliepkeamer, badkeamer en keuken. Stifting De Schuilschuur kin njonken de tydlike help ek soargje foar oare help fan ynstânsjes.

 

Wat makket Ouwe Syl dyn thús?

Neeltje omskriuwt harsels as Brabo-Bilkert. Wannear’t hja har takomstich man moete dy’t yn Fryslân wenne, ried hja troch troch Fryslân en sûnder te witten wêrom, hifke hja yn Ouwe Syl om in plak. En op ien as oare wize tocht se doe: “Ja, hjir wol ik wêze”. It doarp sels en de minsken fynt hja ‘eigenwijs, eigengereid, en eigenzinnig’, dêr’t it toutsje hjir écht út de brievebus kin. Men hat hjir noch bertouen yn it goede. Neeltje hat in protte by de ein hân: animateur yn Spanje, en ûnder oare yn Antwerpen de grimeuze-oplieding, wurke yn East Europa, wenne yn Amsterdam en gean mar fieder en dochs begripe ‘bovengetekenden’ wol wêrom’t It Bildt sa goed by Neeltje past.

 

Wat soe der de kommende fiif jier barre moatte?

Kontakt mei minsken meitsje, oft dat no ûndernimmers of gewoane lju binne, soe Neeltje graach sjen. Sa’n inisjatyf as harres, op in sosjale wize minsken ta help wêze, soe folle wiidweidiger in plak krije moatte yn de gemeente. Op it foarste plak om minsken te helpen wenromte te jaan, en twads datst soks folle breder en djipper lûke kinst, sa’t minsken harren echt sjoen fiele en it oandoare om help te freegjen, omdat it no faak sa is, fernimt hja út eigen ûnderfining, dat minsken harren skamje om te freegjen om help of net ta doare te jaan dat hja it dreech hawwe. Wylst der genôch goedheid sit yn de mins om de oar te helpen. Neist kontakt meitsje fan kantoar mei bûten, soe ek guod in twadde libben krije kinne moatte. Inisjativen dy’t kontakt mei mins, natoer en guod meitsje wolle, fertsjinje mear romte. De gemeente soe folle assertiver wêze moatte om net allinne fragen te ûntfangen as it giet om help of sosjale inisjativen, mar soe sels mear op syk gean moatte. Net wachtsje, mar opspoare. In soarte pastorale wize fan belied meitsjen. By minsken op besite gean en echt each hawwe foar de problematyk of de winsken, mei dêrby te jaan sûnder de ferwachtingen te hawwen in hiel soad werom krije te moatten.

 

Wat wurdt echt mist?

De romte om inisjativen fan de grûn te krijen om wat te betsjutten foar de mienskip, yn de goede sin fan it wurdt en yn de kweade sin. Te tinken falt oan festivals dy’t de mienskip byinoar bringt of oare, lytsskaligere aksjes. Mar neist positive aksjes, soe Neeltje it fantastysk fine dat der mear minsklike omsjoch is neiïnoar. En dan komt hja mei in sublym idee: in lapetekken fan schuilschuurtjes yn de provinsje, of it hiele lân. Minsken dy’t plak oer hawwe om minsken in tydlik stee te jaan. Gjin hierderij fan in jier of langer, mar tydlike opfang fan in pear moanne sa’t minsken de tiid en de romte krije om út te rêsten of harren te oriïntearjen.

 

Hast in oprop oan de polityk?

As der ien wurd is dat faak yn it ferhaal fan Neeltje foarkomt en dêr’t har ferhaal hieltyd wer op útkomt, is empaty. Neeltje ropt de politisy op om mear mei it hert te besluten as mei de rekkenmasine. It soarte polityk dy’t waarmte útstrielet mei each foar de mins. Deselde waarmte en sfeer dy’t Bert en Hessel tabedield krigen, yn it hús fan in ûnbekende mei goede kofje, houtene, rustike tafels en flierren, mei ljocht, en de waarmte fan de hjerstsinne dy’t kreëarre wurdt troch de lytse fjouwerkantsjes yn in mansk rút, yn in romte mei tige âlde bynten. Sa’n soart sfeer. En sa’n soart waarmte.

 

 



Tags: Soarch yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer