NIJS   04-11-2021


FNP Waadhoeke yn ferset tsjin trochsleine regeljouwing

Al jierren ferset de FNP him tsjin de trochsleine rigeljouwing dy’t it foar frijwillersorganisaasjes dreech makket om foar de mienskip moaie en wichtige eveneminten te organisearjen.

"Beliedsrigels draaie eveneminten de nekke om" (Hans Nauta)

En no komme dêr de nije beliedsrigels fan de provinsje Fryslân der nochris boppe op. De ferienigings/organisaasjes moatte 6 moanne yn it foar ekologysk ûndersyk dwaan nei de ympakt fan it evenemint op de omjouwing en de dêryn wenjende soarten.

 

De nekke omdraait

De FNP Waadhoeke is fan miening dat troch sa’n oanpak alle spontane eveneminten yn de doarpen en de stêd de nekke omdraait wurde. Soks sil grutte skea dwaan oan ús mienskip. Elke balâns is op dit stuit fier te sykjen. De rigeljouwins is folslein trochslein. En dat wylst de evenemintenbrânzje al hurde klappen te fernearen krigen hat.

 

Sympaty by de mienskip

De sympaty fan de FNP leit dêr wêr ’t al jierren leit; by de doarpen, by de stêd, by de organisaasjes, by al dy frijwilligers; by de mienskip! It nij beliid soe ta stân kommen wêze yn gearwurking mei de gemeenten. Dêrom hat de FNP it kolleezje fan Waadhoeke hjir skriftlike fragen oer stelt.

 

---

 

Neikommen berjocht

Op freed 5 novimber 2021 binne de nije beliedsregels wer ynlutsen. Lês it berjocht hjiroer op de side fan de provinsje .

 



Downloads:
FNP031121 beleidsregels wet natuurbescherming.pdf


Tags: Kultuer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer