NIJS   04-10-2021


Thús yn Seisbierrum: de COOP

Hans Nauta en Sietze de Haan wiene út namme fan de FNP Waadhoeke op wurkbesite by Henk Stuiver, eigner fan de supermerke COOP yn Seisbierrum. In skitterende winkel, dy’t no 1 ½ jier iepen is. It is echt in oanwinst foar it doarp. De COOP is sa as it wurdt al seit in koöperaasje dy’t ticht by harren klanten stiet. Sy leauwe yn de krêft fan mei-inoar. In supermerke yn de doarpen is goed foar de leefberens. De COOP winkel yn Seisbierrum ferkeapet u.o. streekprodukten. Dat fersterket fansels de regio. De klanten hawwe krekt as by de FNP ynspraak by de organisaasje COOP. De FNP wol troch de wurkbesites har program foar de kommende riedsferkiezings gearstalle.



"Thús yn Seisbierrum" (Henk Stuiver )

Wat makket Waadhoeke jim thús ?
Nei earst 5 jier yn Harns en no al wer 10 jier yn Seisbierrum is Henk Stuiver in echte Waadhoeker wurden. Syn winkel stiet midden yn’e mienskip. Maatskiplik belutsen troch sponsoring fan de lokale mienskip. Ôfrûne wike wie tegearre mei de kollega út Winsum de COOP keatspartij. Dêr diene 44 partoeren oan mei. Al jierren in grut sukses.

Wat soe der de kommende 5 jier barre moatte ?
De regeljouwing moat fermindere wurde. De gemeente soe mear mei de ûndernimmers mei tinke moatte. Op hokker wize geane we mei de regels om ? Sels is hy al in jier dwaande om tastimming te krijen foar it pleatsen van in lytse losse “unit ” by syn bedriuw. Fierder hat Henk goeie hoop dat der ynkoarten starten wurde kin meimde bou fan 24 nije wenten op it terrein fan Aeolus. Dit is goed foar de trochstreaming en dat jout de jongerein kânsen om yn eigen doarp te bliuwen.

Wat wurdt echt mist ?
Sels mist Henk Stuiver net direkt wat. Hy is bliid mei syn nije bedriuw. Foar it doarp is it wichtich dat der in nij doarphûs komt. Hy hopet dat it slagje mei. Hoe langer it duorret, hoe djoerder it wurdt.

Hawwe Jo in oprop oan de polityk ?
It toerisme is hiel wichtich. De gemeente moat dit, dêr wêr mooglik, befoarderje. Der moat mear stipe komme foar lokale inisjativen. As gemeente oan it Waad (Wrâlderfguod) lizze der in protte kânsen. En dat is wer goed foar de werkgelegenheid en dêrmei de leefberens.


Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer