NIJS   17-09-2021


Thús yn Winsum: Molkfeehâlder Bouwe Abma

Sneintemiddei binne Jan Dijkstra en Dieke van der Pol nei Bouwe Abma west yn Winsum. Sûnt 2000 hat Abma der in melkfeebedriuw tusken Winsum en Spannum. Abma kaam út de Snitser kontreien en hat syn bedriuw troch de jierren fiks útwreide. Hjir melkt hy san 300 kij, mei help fan twa fêste meiwurkers en losse arbeidskrêften dat guon wykeins melkt. Abma blykt in goeie ferteller mei filosofyske ynslach. We ha in plesierige besite hân oan de Spannumerdyk.



"Thús yn Winsum" (Bouwe Abma)

Wat makket dat Waadhoeke jo thús is?
It is belangryk dat je je self wêze kinne en op jo eigen manier in positive bydrage leverje oan de mienskip. Foar Abma is syn bedriuw ek syn thús. Fan ôf syn bedriuw probearret hy oaren ek te helpen en in thús te jaan yn de gemeente.

Wat soe der de kommende 5 jier barre moatte?
It is belangryk dat der mei de mienskip kommuniseart wurd. Wat de agraryske sektor oangiet ferwachtet hy dat wy nei in hiel oar systeem ta gean, mar hoe't wy dêr nei ta gean is de fraach. Goeie kommunikaasje mei de agraryske sektor is dêrby tige wichtich. Net alles moat fan boppen ôf regele wurde moar fan ûnderen op. Dit soe bygelyks mei leechdrompelige gearkomsten kinne.

Wat wurd echt mist?
Op dit momint is der net eat  wat Abma echt mist. De kommunikaasje mei de gemeente giet op it stuit goed. Einliks fynt hy himsels in hiel tefreden mîns yn Waadhoeke.

Hawwe jo in oprop oan de polityk?
Abma fielt him eins polityk net ferbûn, mar fielt foar de mienskip. Hy makket him soargen oer underwurpen as ekonomy en miljeu en hoe't dat yn de takomst komt. Hy freget him ôf hoe at wy it yn de takomst allegear draachber hâlde kinne.



Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer