NIJS   18-08-2021


Thús yn Frjentsjer, de Ferieniging” Vrienden van de Stad Franeker”

Op moandei 9 augustus wie de FNP op besite by Frieda Ligthart en Thiadrik Twerda, twa bestjoersleden van de ferieniging “Vrienden van de Stad Franeker”. Dizze ferieniging set har yn foar it behâld fan it bysûndere karakter fan it sintrum fan Frjentsjer. Rûchwei is dat it gebiet dat leit tusken de Bolwerken en de Zuiderkade. It bestjoer hat beslúten it wurkgebiet op de hiele stêd te rjochtsjen en sil dit jier de statuten oanpasse. D’r binne ek karakteristike gebouwen direkt bûten de grêften kanalen dy’t oandacht fertsjinje.



"Thús yn Frjentsjer" (Vrienden van de Stad Franeker)

Wat makket Frjentsjer jim thús ?

It histoarysk sintrum en it wengenot yn dizze skitterende âlde akademystêd. De haadstêd fan pittoreske doarpen en in skitterend lânskip oan de Waadsee.

Wat soe der de kommende 5 jier barre moatte ?

In nij stasjonsgebou yn’e styl fan it âlde gebou út 1895. Sjoch ek Hârns, mei horeka. Dit jout Frjentsjer in geweldige yngong foar besikers fan de stêd.

Wat wurdt echt mist ?

In gemeentlik monumintebelied as oanfolling op de ryksmonuminten. Der moat in gemeentlike monumintenlist komme. In belied dat rjochte is op it bestriden fan de delgong fan de binnenstêd. Winkels ferdwine, der is leechstân. In part in fan it winkelgebiet moat in wenbestimming krije.

Hawwe Jo in oprop oan de polityk ?
 
Jawis, wy ha in oantal:  
-Artikel 33 fan it bestimmingsplan fan de binnenstêd moat der út.  Yn dit artikel hawwe de ynwenners de plicht om op eigen hiem te parkearen.
-Belied op it mêd fan apparteminten.
-Omtinken foar de oanfraach foar de wrâlderfgoedstatus fan it planetarium en de mooglike gefolgen dy’t dit hat foar de akkomodaasjes yn ús gemeente.
-Bou Frjentsjer-Súd earst goed fol, foardat der oare nije wiken bijkomme.
-In goeie swimfoarsjenning is wichtich foar de stêd en ús gemeente.
-Omtinken foar oare wenfoarmen.(bijg. In Knarrenhof)
-Webside fan de gemeente is net goed tagonklik foar de boargers en jout net folle ynformaasje.


Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer