NIJS   02-08-2021


Thús yn Bitgummole: Cornelis Terpstra

By oankomst by de wurkpleats fan Cornelis Terpstra fleagen de f 35 fleantugen mei fûl geweld oer ús hinne. Letter kamen in pear f 16 fleantugen oer. It ferskil yn lûd is enoarm. Cornelis Terpstra is spesjalist, dy neist it meitsjen fan keatswanten, ek drok dwaande is op it mêd fan skuon foar topsporters. Mei syn op maat makke skuon hopet Cornelis dat de Nederlânske baanfytsers Olympysk goud helje. Ek wurket hy foar 6 keirinners út Japan en de top fan de reedriders.



"Thús yn Bitgummole" (Cornelis Terpstra)

Skuon binne hiel wichtich foar de sporters. De skuon foar de fytsers binne fan karbon. Se weagje hast neat. Tige wichtich yn in sport wêr it om tûzenen fan in sekonde gean kin. Dit alles fynt plak yn in lytse wurkpleats achter de wenning fan Cornelis yn Bitgummole. Cornelis Terpstra is sels ek topsporter west. Yn ûs provinsje is hy bekend wurden troch it keatsen. Sa hat hy yn 2002 de PC wûn. Troch in ûngelok by it kitesurfen moast hy ophâlde mei keatsen. Cornelis mei der dan ek tige grutsk op wêze dat hy safolle betsjutte kin foar de topsporters. 
 
Wat makket dat Waadhoeke dyn thús is ?
Cornelis is berne yn Minnertsgea. Nei in skoftke yn Ljouwert wenne te hawwen, ûntstie wer de drang nei it plattelân. Nei de gemeente wer syn “roots” lizze. Waadhoeke is syn thús!

Wat soe der de kommende 5 jier barre moatte ?
Neffens Cornelis moatte der plannen foar húsfesting komme. Betelbere wenningen sawol yn’e stêd, mar foaral ek yn’e doarpen. Mei as gefolch dat de foarsjennings yn’e doarpen bliuwe kinne. Sirkulêre ekonomy stiet by Cornelis heech yn’t feandel. Dit is nedich foar in klimaatneutrale wrâld. In progressive oanpak hat syn foarkar. Wat syn bedriuw oanbelanget dat wol hy stadich oan groeie litte. Kwaliteit giet boppe alles ! De jongerein de mooglikheid jaan om by him it fak te learen.

Wat wurdt echt mist ?
Cornelis kin sa net betinke wat der mist yn syn doarp. It is in aktive mienskip. Der is in protte mooglik. Der binne genôch frijwilligers . Der is in gearwurkingsskoalle en der binne ek fasiliteiten foar opfang nei skoalle. Op dit stuit wurdt der wurke oan in doarpstún.

Hawwe Jo in oprop oan de polityk ?
Hjir is Cornelis dúdlik oer: “wurkje net mei in program dat fan foaren nei efteren hielendal ticht spikere is. Jou dúdlikheid! Mei in fisy op langere termyn. In meitinkende gemeente wêze. It oanbieden fan fasiliteiten foar bedriuwsromtes soe ek in pré wêze.


Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer