NIJS   28-07-2021


Thús yn Boksum: Janke Bosma

Wa’t by Janke Bosma oanrinnen komt sjocht fuortendaliks dat hjir in natuerminske wennet. De foartún kleuret en geuret fan de blommen. Flinters en bijen dogge harren foardiel dêrmei. Yn de tún efterhûs krije de fûgels harren gerak. “Wy binne meiinoar ferantwurdlik foar de natuer en dêr kinne je thús hiel wat oan dwaan.” Janke hat mear as 40 jier kreamfersoargster west. “In prachtich berop,” seit se. “Ik ha hast hiel Fryslân wol troch west, ek by nacht en ûntij ûntij en as it winter wie mei snie dan hie ik de skeppe yn de kofferbak fan de auto. No docht se in protte frijwilligerswurk. Foaral as neisoargster by de Fûgelwacht Boksum e.o. De greidefûgels binne har grutte passy, dy hat se fan har heit meikrigen mar se ûnderhâldt ek de blommen op it tsjerkhôf en se is ek gauris te finen by it doarpshûs.



"Thús yn Boksum" (Janke Bosma)

Wat makket dat Waadhoeke Jo thús is?
Ik bin hikke en tein yn Boksum en ha hjir altyd wenne. Ik fiel my noflik mei de minsken om my hinne en doch graach wat foar it doarp en de mienskip. Justerjûn wie it allegear jeugd, mei in stik kabaal, by it doarpshûs. Doe ha’k der even hinne west en se efkes ta de oarder roppen . Ik kin goed mei de jeugd en se moatte ek in útlaatklep hawwe. Se ha ek wolris in feestje yn ús fûgelhut, neat net slim, mar se moatte de boel net ferniele. Dan siz ik wêr it op stiet. Wat soe der de kommende 5 jier barre moatte? De ferrommele en lege plakken yn de stêden en de doarpen oanpakke en dêr wenromte meitsje. We moatte net mear boerelân opofferje oan huzen en sinneparken. Hoe’t it dan moat mei de enerzjytransysje? “Om my kin der wol in kearnsintrale by, dat kostet wat, mar levert ek wat op.”

Wat wurdt echt mist?
De gemeente woe hjir by de swellemuorre in swimplak meitsje. Dat koe fansels net. De jongerein moat simmerdeis wol bûten swimme kinne. Meitsje hjir en dêr in ynham yn it kanaal en de grutte fearten, dan kinne se dêr feilich swimme. 

Hawwe Jo in oprop oan de polityk?
Lústerje nei de minsken! Ek nei âldere minsken, dy hawwe libbensûnderfining. Ik bin wiis mei it nije bermbehear, mear blommen en krûden. Yn de buorren moat it al wat netsjes bliuwe, dat liket betiden nearne nei. En wat de greidefûgels oanbelanget: we moatte ek beseffe dat wy eins gjin echte natuer hawwe. It is kultuergrûn en dat moat beheard wurde. It lykwicht is fuort. Der komme hoe langer hoe mear predatoaren. At ik it foar it sizzen hie soe ik dêr wat oan dwaan.


Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer