NIJS   12-07-2021


Thús yn Sint Anne: Beryl en Carmen van der Mossel

Doe’t har kreätive skoalleprojekt útrûn op in tarin fan famylje dy’t ek sa’n tas hawwe woe, skeakele Beryl van der Mossel de help yn fan har sus Carmen. Tegearre binne sy no de eigners fan Beryl: in atelier dat sels benammen tassen makket. De sussen hawwe duorsumens heech yn it findel te stean, want it lear dat brûkt wurdt komt fan in duorsume produksjeline, plestik wie net te sjen yn de winkel, en al it oare naaiguod is fan lokale, en recyclede komôf.
Dêrneist is der net in foarrie, omdat alles mei de hannen makke wurdt. Wylst Carmen – Beryl wie spitegernôch siik - oan Gea en Hessel fertelde dat se net sa’n grutte kolleksje hiene, tochten Gea en Hessel dêr sels hiel oars oer. Beryl hat nammentlik sa’n fiifentweintich modellen yn sân ferskate kleuren te keap, dat rekkenje dat mar út. De winkel, mei der fuort efter it iepen atelier, azemet lear, mar foaral ambacht.




"Thús yn Sint Anne" (Beryl en Carmen van der Mossel: )

Wat makket Sint Anne dyn thús?
Myn roots lizze hjirre. Ik bin hjir dan wol net berne, salang’t ik my heugje kin, wenje ik hjirre, lykas ús famylje. Yn Sint Anne en deromhinne is in soad rûmte en rêst. Dêr kin ik my altyd wer yn werom fine as ik fuort west haw. Dêrneist hat Sint Anne ek in soad fasiliteiten. Hoechst hast noait nei gruttere plakken ta.
Dêrneist sit ús bedriuw hjir ek. It is foar my om de hoeke, en dat is maklik want ik moat sa no en dan ek jûns of op oare ûngebrûklike mominten nei ús winkel. Mar it is ek handich dat wy benammen in online winkel binne. Fierhinne alles wurdt online besteld. Alles meitsje wy sels yn ús iepen atelier efter yn de winkel. 
 
Wat soe der de kommende fiif jier barre moatte?
Wat ik hjir echt mis, is dat der net in soarte lunchroom of gelegenheid is dêr’tst kofje drinke kinst of lunsje kinst mei freonen of bekenden bygelyks. Der sitte wol cafetaria’s, mar in plak om ynformeel of gesellich ôf te praten, binne dat net. In ‘ontmoetingsplaats’ dus dy’t jongfolwoeksenen folle mear oansprekt, soe ik hjir wol graach sjen wolle.

Wat wurdt echt mist? 
By it âld-gemeentehús wie altyd in parkje, mar dat is der no net mear. Wat se der no fan makke hawwe, nûget minsken net út om der te kommen. It soe dêrom moai wêze oft der wer in parkje komt dêr’t rekreätive en oare útnûgjende saken organisearre wurde, sadat der wat mear dynamyk yn it doarp komt. 

Hast in oprop oan de polityk?
Tsjinwurdich sitte oan de subsydzjes fanút de gemeente faak beheiningen. Startende bedriuwen of ûndernimmers moatte ynnovatyf wêze, in maatskiplik belang hawwe, of de mienskip moat deryn belutsen wêze. Wylst it foar de gemeentlike ekonomy wichtich wêze kin dat bedriuwen of ûndernimmers dy’t net ûnder dy noemer falle ek bestean krije kinne. Dat soe dan kinne yn de foarm fan opstartsubsydzjes, om gewoan net-kapitaalmachtige starters op wei te helpen om sa in sûn bedriuw op te setten, wat tagelyk goed is foar de gemeente sels.
Omtinken jaan oan de bedriuwen dy’t net ûnder sa’n heakje falle, heart dêr ek by. Ambtners witte guon plakken, dy’t brûzje fan de nije ideeën mar net foldogge oan de gemeentlike subsydzjekriteria, net altyd goed te finen.
Nêst sa’n subsydzje dy’t starters in fiansjele ympuls jaan kinne, soe fanút de gemeente miskien ek wol begelieding komme kinne foar de starters dy’t dêr ferlet fan hawwe. 



Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer