NIJS   07-07-2021


Annerieke de Vries: Thús yn Ouwe Syl

Op in prachtich plakje oan de Aldebildtdyk waarden Jan Dijkstra en Dieke van der Pol wolkom hieten troch Anneriekede Vries. Hjir wennet sy mei har man en twa bern en is wurksum yn de ICT. Oarspronklik komt sy út Grins wei, mar wennet alwer san 15 jier yn Ouwe Syl. Sy is belutsen by in soad aktiviteiten yn it doarp.



"Thús yn Ouwe Syl" (Annerieke de Vries)

Wat makket dat Waadhoeke dyn thús is?

Yn it foarste plak makket de natuer en romte rûnom Ouwe Syl de gemeente har thús. Twad is de gemoedlike sfear yn it doarp dy’t ûnder oare troch de minsken komt. Der wenje in soad ferskillende minsken yn Ouwe Syl. As der wat barre moat dan stekt elkenien de skouders derûnder. Ek at je nij binne yn itdoarp bin de minsken iepen en kin je der maklik tuskenkomme at je wolle.
 
Wat soe der de kommende 5 jier barre moatte?
 
De ferkearsfeiligens kin folle better. Der is hjoed-de-dei folle mear ferkear op de dyk en dat leveret in soad gefaar op. Annerieke fynt dat de fytsers en fuotgongers wer belangryk wurde moatte. In oar wichtich ûnderdiel fan it doarp is de busferbining mei Ljouwert. It is de planning dat dizze der út giet, mar dit soe skande wêze foar de jeugd dy’t  dan net mear selsstannich nei Ljouwert kinne, mar brocht wurden moatte troch harren âlders. “Het is echt doodzonde” seit sy dan ek. Sy tinkt dat de jeugd no miskien hearder fuort giet út it doarp en dêrom pleitet sy foar in rjochtstreekse ferbining.  It kontakt mei de gemeente moat leech drompelicher wurde. It is no net dúdlik genôch hokker persoan je hinne moatte at je wat wolle en wêrfoar je krekt wol en net nei de gemeente kinne. Die ôfstân is noch te grut en de wegen net dúdlik. Ek nei de doarpenkoordinator ta.
 
Wat wurd echt mist?
 
Sa as earder sein, soene der mear feilige fytsrûtes komme moatte. Fjirder soe in winkeltsje in grutte tafoeging wêze foar it doarp. Dan kreëarre je in sintraal plak wêr't je hinne kinne om ek in praatsje te meitsjen. Op dy manier ûntstiet der mear bining. Net allinich in winkeltjes, mar ek in plak wêr minsken elkoar treffe kinne sa as in doarpshûs soe in moaie tafoeging wêze. Neffens Annerieke kin je as doarp noch folle mear foar inoar betsjutte, mar soms is de drompel om mei te dwaan noch
te heech.
 
Hawwe jo in oprop oan de polityk?
 
De polityk moat duorsumens stimulearjen bliuwe en heech yn it findel hâlde. De gemeente kin mear in rol spylje yn it begelieden fan boeren yn ‘e transitie nei duorsume lânbou. Dêrneist is it belangryk foar de swakkeren op te kommen sa as bisten, natuer en minsken, die dat sels net kinne. Anneriek sjucht it wolwêzen fan bisten op dit stuit noch net werom yn de gemeentelike polityk, ek net by de FNP. Boppedat is in earlike polityk wichtich sa at de ôfrûne moannen ek bliken die yn de lanlike polityk.  Der moat ek opkommen wurde foar basisfoarsjenningen, bygelyks: soarch, iepenbier ferfier en feiligens.


Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer