NIJS   14-06-2021


Mirjam en Gert Kuipers: Thús yn Frjentsjer

Op moandei 7 juni wie de FNP op besite by Mirjam en Gert Kuipers, eigners fan de Albert Heijn yn Frjentsjer. In grutte wurkjouwer wêr hast 200 minsken ( 15 nasjonaliteiten) op de iene as oare wize wurk fine. In protte jongerein fynt hjir har earste baan. Neist it feit dat se wurkerfaring opdogge en sinten fertsjinje kinne, krije se de mooglikheid oanbean ta húswurkbegelieding en dat wurket: alle leerlingen dy’t eksamen dwaan moasten binne slagge! Boppedat binne der 12 Wajongers oan it wurk. Al mei al in hiel sosjaal bedriuw dat yn it midden fan de maatskippij stiet. Foar de takomst stiet de opfolging al klear. Twa soanen wurkje mei yn dit skitterjende famyljebedriuw.



"Thús yn Frjentsjer" (Mirjam en Gert Kuipers)

Wat makket dat Waadhoeke jim thús is ?

Wy hawwe jierren yn Frjentsjer wenne, gewoan yn it Skalsumerplan. No net mear want we binne ferhuze nei Twellegea mar ús bedriuw bliuwt gewoan yn Frjentsjer fansels. De belutsenens is sa grut, dat Mirjam alle  jûnen siket op de sosjale media nei wat der spilet yn ús gemeente. Sa seach se ek de wyklikse besites fan de FNP by bedriuwen yn Waadhoeke. Maatskiplik is de famylje hiel belutsen by alles wat der spilet yn ús gemeente. Wêr mooglik jouwe se stypje.

Wat soe der de kommende 5 jier barre moatte ?

It ferbetterjen fan de ferkearsfeiligens rûnom it parkearterrein by Albert Heijn. In grutte winsk is ienrjochtingsferkear mei in yn-en útrit. 
In fisy oer de Dijkstraat, it lêste diel fan’ e strjitte soe hiel geskikt wêze as strjitte wêr farske waar ferkocht wurdt. Tink hjirby oan in spesjale tsiiswinkel,  in échte grienteboer, in lúkse bakkerij, in traiteur, neist it oanbod dat der no al is. 
Fierder wol Mirjam graach it wetter werom yn de Voorstraat. Wat soe it prachtich wêze dat de kades werom komme. Der soene pick-up plakken bûten de wenwiken komme moatte foar de lokale ûndernimmers , it besoargjen fan pakketsjes oan hûs moat sa folle mooglik fermindere wurde. De lokale ûndernimmers binne it hert fan ús gemeente. In swimbad yn Frjentsjer is in “must”. In  bûten swimbad is in goed alternatyf.

Wat wurdt echt mist ?

Elektryske laadpeallen foar de auto’s. Sels wolle se laadpunten foar de elektryske fyts oanlizze.

Hawwe jimme in oprop oan de polityk ?

Gean it petear oan mei de ûndernimmers,  maatskiplike organisaasjes-en inisjativen!!



Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer