Thús op it Bildt
Mei in freonlik wolkom waarden de FNP'ers Hans Nauta en Sietze de Haan begroete troch de eigners fan it Hoeve Noordveld yn Ouwesyl . Wybren en Tineke van de Weg hawwe op in rêstich plak mei rom sicht oer it fruchtbere Bildtse lân har lânboubedriuw omboud ta in skitterend rekreaasjebedriuw mei trekkershutten en camperplakken. Fierder is der in prachtich bistenpark mei in grut ferskaat oan bisten sa as damherten, alpaca's, swarte swannen, hinnen, kangoeroes en mear.
Wat makket Ouwesyl jimme thús ?
Wybren is op de pleats berne. De buorkery is fanôf 1854 yn de famylje. 35 jier hat hy mei syn broer buorke. Poatierpels wie har spesjaliteit. Ek syn frou Tineke hat "roots" op it Bildt. Sy fiele har echte Bildtkers.
Yn 2016 binne se ophâlden te buorkjen. Wybren hat dêrnei de nije hoeve opsetten. Fanôf 2018 kin der oernachte wurde. Ouwesyl is it mooiste plakky op it Bildt. Der is noch echte mienskip. It gefoel fan met 'n ander één weze, aldus Wybren.
Wat soe der de kommende 5 jier barre moatte ?
Wybren en Tineke wolle stadich oan Hoeve Noordveld fierder útwreidzje. Foar de takomst stiet de opfolging klear. Dêr binne se o sa wiis mei. Ek soe it moai wêze as it stroomnet oanpakt wurdt. Dat der romte komt foar mear sinnepanelen op de skuorren.
Wat wurdt der echt mist ?
Ouwesyl mist in doarpswinkel. Alle winkels binne út it doarp ferdwûn. Sy tinke der wolris oan om sels in lytse buorkery(camping)-winkel te begjinnen.
Ha jim in oprop oan de polityk ?
Sy hawwe net direkt in oprop oan de polityk, wol soe it in goeie saak wêze dat de ynformaasjebuorden ferfange wurde. Dizze binne ferâlderd mei ynformaasje fan wol 10 jier âld.
Fanút de gemeente is der oandacht foar it toerisme. Der lizze in protte kânsen.
Ouwesyl as toeristysk sintrum fan de Waadhoeke is in dream om by opgeande simmer mei wekker te wurden.